Simmer yn Fryslân: fertier by de tennisklup yn Goutum

Simmer yn Goutum: fertier by de tennisklup yn Goutum
It Simmer yn Fryslân-gefoel belibbest alle jierren wer by Omrop Fryslân. Wy gean der op út en litte sjen wêrom Fryslân sa moai is: in festival op himsels. De tennisklup fan Goutum is der net allinne foar de beweging, mar ek foar de kontakten.
Seis wiken lang, fan 24 july oant en mei 1 septimber, makket Omrop Fryslân in roadtrip by al it moais fan Fryslân del. Dit jier giet Fryslân dwerstroch: de ferslachjouwers meitsje in rûte dwers troch de provinsje op trije rjochte linen. Hjoed wie Willem de Vries yn Goutum.
Moarn binne we yn Tytsjerk. Sjoch hjir foar de folsleine rûte dizze simmer.