Omrop Fryslân bringt skûtsjesilen yn byld mei nije techniken

Skûtsjesilen © Martin de Jong Fotografie
Al 46 jier lang bringt Omrop Fryslân it skûtsjesilen by de minsken thús. Earst op radio en letter ek op telefyzje en online. Elts jier wurdt alles út de kast lutsen, want dat Omrop Fryslân it skûtsjesilen útstjoert, is yntusken in gegeven.
De skûtsjesylwedstriden op telefyzje binne de lêste jierren in groeiend sukses. Ek dit jier is it kampioenskip wer streekrjocht te folgjen op telefyzje.
Skûtsjesylsaakkundige Eelke Dykstra leveret mei ferskate analisten streekrjocht en yntegraal kommentaar by de bylden.
Foar en nei de wedstriid is der in foar- en neibeskôging op lokaasje mei presintator Arjen de Boer en ien fan de analisten. Under oaren sylcoach Roelof Bouwmeester en skipper Geale Tadema meitsje harren opwachting.

Nije techniken

Elts jier besiket Omrop Fryslân feroaringen en fernijingen om it programma noch better te meitsjen. Arjen de Boer: "De SKS-striid op it wetter wie ôfrûne jier spektakulêr en waard foar it earst ek yn byld brocht troch drones fan Omrop Fryslân. Dy nije diminsje, dy't it skûtsjesilen noch moaier by de minsken thús bringt, brûke wy ek dit jier wer yntinsyf."
Omrop Fryslân stribbet dernei om der altyd boppe-op te sitten. Om noch faker by de beslissende mominten te wêzen is der dit jier in fluggere kameraboat yn it fjild. Dêrmei is de omrop noch rapper én tichter by alle hichtepunten.

Fertroud radiolûd

Al jierren binne skûtsjesaakkundige Gjalt de Jong en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Geartsje de Vries de fêste kommentatoaren fan it skûtsjesilen op radio. Ek dit jier bliuwt it ferslach op radio yn hannen fan harren fertroude stimmen.

Folgje it by Omrop Fryslân

It skûtsjesilen is live te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en ynternet. Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.
Noat foar de redaksje: foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 299 78 76. It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.