Brânend autoskip ûnderweis nei tydlike lokaasje

De Fremantle Highway wurdt nei in tydlike lokaasje ta sleept © Rykswettersteat
It frachtskip Fremantle Highway is moandei noch hieltyd ûnderweis nei in nije, tydlike lokaasje. Twa sleepboaten bringe it skip nei in lokaasje op 16 kilometer noardlik fan Skiermûntseach.
It plan foar it ferslepen lei der al in pear dagen, mar sneon koe it net, fanwegen de reekûntwikkeling op it skip en de súdwestewyn. Omdat der no minder reek fan it skip komt, kin it ferslepen úteinsette, fertelt Edwin de Feijter fan Rykswettersteat Noard-Nederlân. "Het was gisteren zodanig dat de berger zei 'dit moment moeten we grijpen'."
Twa sleepboaten bringe it skip no stadichoan nei de nije lokaasje. Dat giet as alles meiwurket mei sa'n 5,5 kilometer yn 'e oere. Mar dat docht it net altyd, seit De Feijter. "We kunnen nog niet precies zeggen wanneer hij op plaats van bestemming zal komen." It skip leit op it stuit noch goed tritich kilometer fan de nije lokaasje ôf.
De Fremantle Highway wie mei hast 4.000 auto's, wêrûnder 498 elektryske, ûnderweis fan Bremerhaven (Dútslân) nei Port Said (Egypte). Tiisdeitejûn let bruts in grutte brân út. Guon bemanningsleden sprongen fan board. Ien opfarrende kaam om it libben.
By it slepen wurdt de stabiliteit fan it skip kontinu yn de gaten holden. It skip Arca fan Rykswettersteat bliuwt ek yn de buert, foar it gefal't der oalje lekt. Foarearst liket de situaasje stabyl, seit De Feijter. "We hebben natuurlijk geen glazen bol, maar we hebben de hoop dat alles zo blijft als het nu is."

Feiliger plak

Op de nije, tydlike lokaasje leit it skip fierder fan de farrûtes fan oare skippen en ek wat mear út de wyn. "Het is een veiligere plek." Dêr wurdt it skip ek wer ûnder kontrôle holden mei in ferbining mei de twa sleepboaten.
Uteinlik is it de bedoeling dat it skip nei in haven ta brocht wurdt. Hokker haven oft dat wurdt, moat noch bepaald wurde.
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.
De rederij hat moandei witte litten dat it grutste part fan de opfarrenden fan it frachtskip it sikehûs ferlitten hat. Der wienen yn totaal 23 minsken oan board fan it skip doe't der op 25 july brân útbruts. Rederij Shoei Kisen Kaisha hat net bekend makke hoefolle minsken oft noch yn it sikehûs lizze.