Steenbergen nei drokke wike yn Japan: wurch, mar fol fertrouwen nei Spelen

Marrit Steenbergen mei har brûnzen medalje © ANP
Marrit Steenbergen komt mei in koffer fol fertrouwen werom fan it WK swimmen yn Japan. Se hat yn Fukuoka sjen litten dat se útgroeie kin ta it nije boechbyld fan it Nederlânske swimmen.
De 23-jierrige swimster út Easterwâlde pakte brûns op it keninginnenûmer, de 100 meter frije slach. Fierder helle se noch trije yndividuele finales en wie se belangryk by de estafetteploegen.
"Het was een mooie week", seit se nei ôfrin fan de slotdei tsjin it ANP. "Ik ben nu wel moe, maar ik heb alles gehaald wat ik wilde halen en alle finales gezwommen. Van tevoren had ik dat gehoopt. Dat het dan ook lukt, geeft wel een boost richting volgend jaar."
Als ik mij daarop verder ontwikkel, zou ik daarbij ook in het veld mee kunnen doen.
Marrit Steenbergen oer de 50 meter frije slach
Dan binne de Olympyske Spelen yn Parys. Mooglik moat se dêr selektiver wêze yn wat se swimt. De ôfrûne wike swom se 21 races. "We moeten kijken bij Spelen wat haalbaar is. Dan duurt het programma nog wel een dag langer, dus dat is wel beter te managen."
Miskien wurdt de 50 meter frije slach, de ôfstân wêrop't Steenbergen hjoed achtste waard, "Die zou minder prioriteit kunnen hebben, maar als ik mij daarop verder ontwikkel, zou ik daarbij ook in het veld mee kunnen doen. We kunnen het allemaal nog een keer uitproberen volgend jaar bij de WK in Doha en dan kijken wat ik kan doen in Parijs."
Steenbergen har coach Patrick Pearson fernimt fan oare trainers dat sy ek ûnder de yndruk binne fan it drokke programma fan Steenbergen. En dat se it oankin.
Pearson sjocht gjin reden om har programa oan te passen. "Dêr krijt se ek fertrouwen fan dat se wat bysûnders docht. Se kin dit oan. Miskien moatte we yn de takomst sjen wêr't har bêste kânsen lizze, mar dy knoop heakje we no net troch."
Patrick Pearson © ANP
Hy is benammen grutsk op de mentale stappen dy't Steenbergen set hat. Har WK begûn nammentlik noch teloarstellend mei in sânde plak op de 200 meter wikselslach.
"Se wie op de dei fan dy finale de hiele dei senuweftich, mar hat dêrnei de knop omset. Se gong mei in soad wille op it startblok stean. It hat dêrom yn alle opsichten in hiel goed WK west."