Steenbergen slút WK ôf mei sânde plak op estafette 4x100 wikselslach

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat it WK yn Japan ôfsletten mei in sânde plak op de 4x100 meter wikselslach estafette.
Nei de rêchslach, mei foar Nederlân Kira Toussaint yn de baan, lei Nederlân sechsde. Dêrnei wie it de beurt oan Tes Schouten op de skoalslach. Nederlân sakke doe in plakje en it ferskil mei de medaljeplakken wie grut. Ek Kim Busch op de flinterslach brocht Nederlân net tichterby.
Doe't Steenbergen as slotswimster yn it wetter sprong, lei Nederlân fiif sekonden achter op it tredde plak (Sina). De Friezinne brocht Nederlân noch wol tichter by, mar it ferskil wie te grut. Nederlân einige as sânde yn 3.58,09.
De titel gong mei in grutte foarsprong nei Amearika, foar Australië en Kanada.
Ien medalje
Earder op de dei waard Steenbergen achtste yn de finale fan de 50 meter frij. Steenbergen pakte dizze wike ek al brûns op de 100 meter frij. Se waard fiifde op de 200 meter frij en sânde op de 200 meter wikselslach.
Yn totaal hat Steenbergen dizze wike 21 kear yn it wetter lein. In drok skema dus, dat se goed trochkaam. "Daar ben ik heel trots op. Mentaal ging het supergoed, fysiek ook."
Se hat fjouwer yndividuele finales swommen, mei as hichtepunt it brûns op it keninginnenûmer. "Supervet."