Wat bart der as it skip sinkt? Seis fragen oer de brân op see

© Rykswettersteat
In skip mei auto's stiet al dagenlang yn de brân op see boppe de Waadeilannen. Dêr binne in protte fragen oer. Seis fan dy fragen, en de antwurden, ha wy op in rychje set.
De ynformaasje yn dit artikel komt foar it grutste part fan Rykswettersteat. Dy organisaasje koördinearret de berging fan skippen en it opromjen fan oalje yn de Noardsee en de Waadsee.

Wat is de sitewaasje no?

It skip driuwt noch. It helt net oer, en ûnder wetter is it yntakt. Mar it stiet al wol sûnt de nacht fan tiisdei op woansdei yn de brân.
Mei sleepkabels wurdt it skip yn posysje holden tusken twa farrûtes boppe Skylge. Fan it strân ôf is it skip te sjen.
© Kappers Media
De reekwolken binne yn de ôfrûne dagen lytser wurden, mar se binne noch hieltyd wol sa grut dat de bergers it noch net oandoarre om it skip te ferslepen. De bemanning fan de sleepboat soe dan 12 oant 14 oeren yn de reek stean, en dat is te gefaarlik.

Wêrom duorret it sa lang foardat it fjoer út is?

Der binne in lytse 4.000 auto's oan board. Hast 500 dêrfan binne elektrysk of hybride. As sokke auto's yn de brân steane, is dat dreech te bestriden. Dat seit Tom Hessels fan it Nederlânsk Ynstitút Publike Feilichheid.
It probleem is dat in akku samar wer yn de brân fleane kin, seit Hessels. "Dit komt door een chemisch proces waarbij batterijcellen in het accupakket opwarmen."
De Kustwacht makke dit wykein dizze bylden fan it skip
Dêr komt noch by dat dizze auto's sa boud binne dat wetter net by de batterij komme kin. "Als je door een plas water rijdt, wil je niet dat water de batterij in komt. Daarom is koeling van de batterijcellen van buitenaf zeer lastig."
De iennige manier is om de akku lang ûnder wetter te hâlden. Op it lân hat de brânwacht spesjale konteners dêr't sa'n auto yn takele wurde kin, sadat er hielendal ûnder wetter stiet. Mar it liket ûnmooglik om no by de auto's te kommen dy't yn it rom fan it skip steane.
Doe't it fjoer ienkear sa grut wie dat de bemanning it net mear ûnder kontrôle hie, wie it al te let, seit Hessels. "Zodra het incident zich heeft uitgebreid en is geëscaleerd, zijn er op open zee nagenoeg geen mogelijkheden meer om de brand te onderdrukken."

Wannear wurdt it skip fersleept en wêrom is dat nedich?

It liket derop dat it skip de kommende dagen noch boppe Skylge lizzen bliuwt. De súdwestewyn dy't derfoar soarget dat de reek oer de sleepboat waait, hâldt noch wol in pear dagen oan, en it sjocht der ek net nei út dat de reek sels gau minder wurdt.
Dochs wol Rykswettersteat it skip graach ferslepe. No leit it tusken twa farrûtes yn, en oare skippen farre der relatyf ticht by del.
Dit is it plak dêr't it skip hinne sleept wurdt © Omrop Fryslân
It plak boppe Skiermûntseach is geskikt omdat it skip dêr op gruttere ôfstân fan it skipfeartferkear leit. "Verder ligt deze locatie relatief uit de wind vanwege de eilanden en er liggen geen kabels en leidingen, seit in wurdfierder fan Rykswettersteat.

Hoe is de brân ûntstien?

It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. En it is noch mar de fraach oft dat dúdlik wurde kin, no't it skip al sa lang yn de brân stiet.
We witte wol dat de brân ûntstie yn de nacht fan tiisdei op woansdei. Doe fear it skip fan 200 meter lang boppe It Amelân. Der wiene 23 minsken oan board. Ien fan har is om it libben kaam, de oaren rekken ferwûne.
Omdat it skip ûnder Panameeske flagge fart, komt der nei alle gedachten in ûndersiker út Panama nei Nederlân om te sjen oft de oarsaak fan de brân achterhelle wurde kin. De Onderzoeksraad voor Veiligheid assistearret dêrby.
De Fremantle Highway by de faarrûte boppe Skylge © CAMJO Media
De Fryske brân-ûndersiker René Silvius seit dat by de measte brannen de definitive oarsaak net foar hûndert persint fêststeld wurde kin. "Echte zekerheid hebben we maar bij 20 procent van de gevallen."
Silvius is strang. "Bij de rest hebben we wel bij benadering een oorzaak, of een ontstaansgebied, maar we gaan bij brandonderzoek uit van feiten. We moeten 100 procent zeker zijn dat we de oorzaak hebben, en als het niet 100 procent is, maar 99, dan blijft het onbeslist."

Wat bart der as it skip sinkt of as der oalje yn it wetter komt?

As in skip sinkt, of as der oalje yn it wetter komt, koördinearret Rykswettersteat de berging fan it skip en de lading. De eigener is ferantwurdlik foar de kosten fan de berging.
Wat de mooglike miljeugefolgen binne as it skip en de auto's op de boaiem fan de see bedarje, kin in wurdfierder fan Rykswettersteat net sizze. "We weten ook niet wat ter precies aan boord is. Dat zou dus puur speculeren zijn. Maar we houden rekening met alle scenario's."
Dizze foto is makke fan in skip fan Rykswettersteat ôf © Rykswettersteat
Yn in brief oan de Twadde Keamer wiist minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat derop dat it skip stabyl is, en net skeef leit. Dochs binne der soargen op de Waadeilannen.
"Ze hebben ons verzekerd dat ze echt alles doen om dit zo veilig mogelijk te laten verlopen", seit boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. "Dat is ook vanzelfsprekend. Maar we houden de vinger aan de pols en ons hart vast."
Op dit stuit binne der meardere skippen yn de buert fan it brânende skip dy't eventuele fersmoarging fan it wetter direkt opromje kinne.

Wa betellet de skea?

Rykswettersteat hat de eigener fan it skip ferantwurdlik steld foar alle skea en kosten, fan no en yn de takomst. Dat kin behoarlik yn de papieren rinne.
Doe't it skip MSC Zoe yn 2019 sa'n 350 konteners ferlear, is it Ryk mei de reder in bedrach oerienkaam fan hast 3,5 miljoen euro. Dat wie de fergoeding foar alle kosten dy't Rykswettersteat en oare partijen makke ha by it bestriden fan de kontenerramp en foar de kosten dy't eventueel yn de takomst noch ûntstean kinne. MSC hat dy rekkening yntusken betelle.
It giet no om de Japanske reder K-Line. Dy hat mear as 400 skippen. De reder makket diel út fan de Ocean Network Express (ONE). Dat is ien fan de seis grutste kontenerferfierders fan de wrâld.
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.