Barbie: no yn de bioskoop, mar al folle earder op Omrop Fryslân

It houlik fan Barbie mei Ken © Omrop Fryslân
De film Barbie dy't op it stuit yn de bioskopen draait, soarget foar in wiere hype fan de ferneamde boartersguodpop. Mar se wie al earder op it skerm te sjen by Omrop Fryslân.
De pop wie yn 1964 foar it earst yn Nederlân te keap. It museum Willem van Haren op It Hearrenfean kaam dêrom yn 2003 mei de útstalling 40 jier Barbie.
In eksposysje mei allerhanne modellen fan de populêre Amerikaanske pop, dy't in byld jouwe fan de tiid doe't se op de merk kamen.
Fjouwer desinnia Barbie-poppen by de eksposysje op It Hearrenfean yn 2003
Yn 2006 wie der mear Frysk Barbie-nijs. Lauren van Woensel út Winsum, doe tsien jier âld, waard útroppen ta winner fan in grutte ûntwerpwedstriid fan fabrikant Mattel.
Barbie-fans koene op de webside www.fashiongirls.nl klean foar de pop ûntwerpe. Ut 8.000 ynstjoeringen waard de kreaasje fan Lauren útkeazen as winnende outfit.
De priis? It ûntwerp soe yn produksje nommen wurde yn sawol Barbie-formaat as yn berneformaat. Dat lêste plan gie lykwols net troch, mar goed in jier letter wie de Barbie-pop mei Lauren har kleanûntwerp wol yn de winkel te keap.
Lauren van Woensel (10) fertelt yn 2006 oer har Barbies en har ûntwerp
Frou Lolkema fan Dokkum nifelet ek graach Barbie-kleantsjes, fertelde se yn 2011 oan Omrop Fryslân. Se hat dan al hûnderten lange, feestlike jurken foar de boartersguodpop naaid.
Frou Lolkema yn 2011 oer wat der sa spesjaal is oan it meitsjen fan Barbie-klean