Minister begrypt soargen op eilannen, neamt slepen 'útdaagjende opjefte'

© Rijkswaterstaat
Minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat neamt it ferslepen fan it frachtskip dat no al dagenlang yn de brân stiet "een uitdagende opgave".
Yn in brief oan de Twadde Keamer skriuwt de minister ek dat it de bedoeling is dat it skip sadra't it kin nei in haven sleept wurde sil.
No noch leit it skip boppe Skylge. It wie de bedoeling om it dit wykein rjochting Skiermûntseach te ferslepen, mar troch de súdwestewyn komt der dan tefolle reek oer de sleepboaten hinne.
No is it wachtsjen op in draaiende wyn, of it ferminderjen fan de reekûntwikkeling oan board.
Dit is it plak dêr't it skip hinne sleept wurdt © Omrop Fryslân
As it skip ienkear op it nije plak leit boppe Skiermûntseach sil de sitewaasje opnij besjoen wurde, stelt de minister. "Het is de bedoeling dat, zodra de situatie aan boord van het schip dat toelaat, het schip van de nieuwe, tijdelijke locatie opnieuw wordt versleept naar een nader te bepalen haven."
"Bij de operatie zijn zeer ervaren bergingsspecialisten betrokken maar dit neemt niet weg dat het een uitdagende opgave betreft."
It skip stiet al sûnt de nacht fan tiisdei op woansdei yn de brân. Ien persoan is om it libben kaam, 22 oaren binne ferwûne rekke.
Ik leef mee met de eilandbewoners
Minister Mark Harbers
Minsken op de eilannen binne benaud foar de gefolgen fan de brân. Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach sei dat se har hert fêsthâldt foar de sleepoperaasje.
Minister Harbers begrypt de soargen, seit er. "Ik begrijp en leef mee met de zorgen van de eilandbewoners. Het is uitdagend, maar de hulpdiensten hebben alles goed doordacht en er worden geen gevolgen voor de Waddeneilanden verwacht."
It is noch net dúdlik wannear't bergers begjinne mei it ferslepen fan it skip. Neffens Rykswettersteat kin dat noch dagen duorje.
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.