Súdwestewyn sit fuortslepen autoskip yn de wei

It ferslepen fan it autoskip Fremantle Highway kin foarearst net plakfine. De súdwestewyn makket dat op it stuit ûnmooglik.
Rykswettersteat en bergingsbedriuwen wolle it skip, dat sûnt tiisdei yn 'e brân stiet, nei it easten ta slepe. It moat úteinlik nei in lokaasje op 16 kilometer noardlik fan Skiermûntseach komme.
De bedoeling is dat dy operaasje dit wykein plakfynt, mar is wol ôfhinklik fan de reek dy't noch altyd frijkomt. En dus ek fan it waar. De súdwedstewyn soarget derfoar dat de reek oer de sleepboat hinne lûkt. Dat is net sûnder risiko's, skriuwt Rykswettersteat. "En de veiligheid en de gezondheid van de bemanning staat altijd voorop."
De ferwachting is dat de wyn de kommende dagen ek noch út it súdwesten komt en dus kin it ferslepen nij de nije lokaasje noch wol in pear dagen duorje. Oant dy tiid bliuwt it skip op de hjoeddeistige lokaasje lizzen.

By it ferslepen fan it skip wurde gjin direkte gefolgen foar de Waadeilannen, de bewenners en de natuer ferwachte.
Nei't it skip nei de tydlike lokaasje fersleept is, is it de bedoeling dat it dêrnei nei in "nader te bepalen haven" sleept wurdt.
De tastân fan it skip wurdt de hiele tiid yn de gaten holden troch saakkundigen fan de bergers, lykas skipsboukundigen, eksperts op it mêd fan gefaarlike stoffen, brânbestriders en nautysk spesjalisten.
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.