16-jierrige BMX-er Robin klear foar WK yn Glasgow

Robin Ndalame © Centrum voor Talentontwikkeling – Kunstkade
De 16-jierrige Robin Ndalame út Ljouwert hat him kwalifisearre foar it WK BMX yn Glasgow, Skotlân yn syn leeftiidskategory. It WK start op 3 augustus en Robin is dêrom noch in soad op de BMX-baan fan de FFC de Heideklup yn Noardburgum te finen om te trainen.
"Ik probeer zoveel mogelijk op de baan te fietsen, veel in de sportschool te trainen en krachttraining en sprinttraining te doen op de fiets zodat ik zo snel mogelijk over de baan kan. Op mentaal vlak is het vooral belangrijk om met de druk om te gaan, dat krijg ik wel mee met de wedstrijden, zo ook tijdens het EK in juli in Besançon, Frankrijk", seit Robin.

Meardere kearen yn de wike traine

Robin fytst twa kear yn de wike by FCC De Heideclub en ien kear yn de wike yn in spesjale trainingsgroep. Ek is er meardere kearen yn de wike yn de sportskoalle op de BMX-baan fan sportsintrum Papendal yn Arnhem te finen.
"Tijdens het trainen ben ik vooral bezig met de start en technieken op de baan, dus snelheid en bulten meepakken en natuurlijk zo snel mogelijk uit de start komen", fertelt de BMX-er.
BMXer
"Je hebt op alle dagen een andere leeftijdsklasse die fietst, op woensdag 9 augustus fietst mijn klasse. Aan het begin van de dag fiets je warm, daarna heb je drie ritten en als je dan bij de top 64 zit, ga je door naar de 8e finale. Zo kun je steeds verder door naar de finale."

Betiid begûn

Al doe't er jong wie begûn Robin Ndalame mei fytskrossen. Fan it begjin ôf docht Robin mei oan wedstriden, earst regionaal en letter ek lanlik. Foar de Ljouwerter is it dan ek net de earste kear dat er him kwalifisearre hat foar it wrâldkampioenskip. Hy die dat al twa kear earder mar fanwege corona en blessueres koe er twa kear net meidwaan.
Robin Ndalame © Centrum voor Talentontwikkeling – Kunstkade
Sûnt 2019 is er lid fan de KNWU en docht er mei yn de lanlike 'Top Competitie' en ynternasjonale wedstriden yn ûnder oaren België en Dútslân. Yn de simmer fan 2021 kwalifisearre Robin him foar it earst foar it WK yn Papendal.

"De Olympische Spelen staan zeker op mijn lijstje"

Robin hopet dat hy minimaal by de top 32 sit yn it kampioenskip yn Glasgow: "Ik ga voor een kwartfinale en dan alles wat ik verder kom is mooi meegenomen!"
Ek sjocht er al fierder foarút: "Volgend jaar ga ik fietsen bij de Junior klasse van 17-19 jaar, en daarna wil ik me opwerken naar de Elite van Nederland. Dan kan ik ook meedoen met de Olympische Spelen als dat me lukt."
It WK BMX foar junioaren begjint op 3 augustus yn Glasgow en duorret oant 13 augustus.