Liveblog | 29 july 2023

112-nijs fan 29 july: Motorrider út Frjentsjer ferûngelokke yn Grinslân

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 29 july 2023, 21:31
21:31

Weidlânbrege Akkrum ticht foar boaten heger as 1,10m

18:08

Motorrider út Frjentsjer ferûngelokke yn Grinslân

In man fan 71 út Frjentsjer is fan 'e middei ferûngelokke yn it Grinslanner Oldehove. De man rekke om 15.30 oere mei syn motor fan de dyk en bedarre yn it wetter.
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei hoe't it ûngelok gebeure koe. Der wienen gjin oare weinen by belutsen.
16:34

Sein 'brandmeester' jûn foar wenningbrân yn Ljouwert

16:09

Situaasje brân yn Ljouwert ûnder kontrôle

De brânwacht hat de brân oan de Kanaalstraat yn Ljouwert ûnder kontrôle. Der moatte sloopwurksumheden dien wurde om goed ôfblusse te kinnen.
De twadde ploech dy't oanwêzich wie, is werom nei de kazerne.
15:41

Middelbrân yn Ljouwert

© CAMJO Media
De brânwacht is by in wenningbrân oan de Kanaalstraat yn Ljouwert. Der komt swarte reek út in kast. Ut foarsoarch hat de brânwacht opskaald nei middelbrân, in twadde ienheid is ûnderweis.