Deasketten wolf by Wapse biet 39 Fryske skiep dea

De wolf dy't earder dizze moanne deasketten is by it Drintske Wapse hat yn in healjier tiid hast fjirtich skiep yn Fryslân deabiten.
As je de deade skiep út Drinte der by optelle, komme je op in totaal fan mear as hûndert. Dat komt nei foaren út sifers fan de oerheidsorganisaasje BIJ12, dy't opfrege binne troch RTV Drenthe.
De wolf waard op de betide moarn fan snein 9 july deasketten op lêst fan boargemaster Jager. In boer hie besocht om it bist mei in gripe en in skep te ferjeien doe't syn skiep oanfallen waarden. De man is yn de earm biten.
No docht út dna-ûndersyk bliken dat it bist yn de moannen dêrfoar belutsen wie by seis oanfallen yn Fryslân, en dat dêrby 39 skiep om it libben kaam binne. By guon oanfallen wie de heit of de mem fan de wolf ek belutsen.
Op dizze plakken hat de wolf Fryske skiep deabiten
Tal deade skiep | Plak | Datum |
3 | Appelskea | 06/04/23 (+ mem) |
16 | Langedike | 15/03/22 (+ mem) |
1 | Makkingea | 05/03/23 |
3 | Nijeberkeap | 03/03/23 (+ heit) |
10 | Boijl | 25/01/23 |
6 | Appelskea | 21/01/23 |
Totaal: 39 |
Ut de gegevens blykt dat de wolfkearende maatrelels dy't op guon plakken ynstalleare wiene net altyd holpen ha. Op 10 febrewaris en 21 jannewaris foel it bist skiep oan dy't achter in hikke stiene mei seis stroomtriedden.
De hikke wie 120 oant 130 sintimeter heech, en der stie in spanning op fan 65oo volt. Op de moarn dat it bist deasketten waard, oerkaam er ek in wolveraster dat troch de provinsje Drinte goedkard wie.