Blauwe hûn is praat fan de dei yn Burgum: "It bist jout stêdsallueres"

It hoarekaplein en it keunstwurk 'Hûn mei skimerlampe' oan it Jonkheer Hobbe Baerdt van Sminiaplein yn Burgum binne feestlik presintearre.
Oan it nije plein sitte ferskate winkels en op de ferdjippingen derboppe binne apparteminten realisearre. It giet om sa'n 35 apparteminten ferdield oer 3 gebouwen.
De measte passanten en ynwenners fan Burgum binne frij posityf oer de útstrieling fan it plein. "It is der echt fan opknapt, hast in bytsje on-Burgums", fertelt in man. "It binne hast wat stêdsallueres", ferfolget er mei in knypeach.
Mar it petear fan de dei, is de 'blauwe hûn' dy't midden op it plein pleatst is. "Hy wurdt brûnskleurich haw ik heard, as se mar genôch poetse. Dus aaie dat bistje, dan wurdt er moai brûnzich", fertelt in man dy't no in jier yn Burgum wennet. "It is in prachtding, allinnich dy skimerlampe snap ik net hielendal. Dat sil der wol by hearre."
De timing fan de oankeap fan it byld wie ferkeard, fûnen guon partijen. Oaren tochten dat it om in 1 aprilgrap gie, mar dochs waard it keunstwurk fan sa'n trije meter heech oankocht troch de gemeente Tytsjerksteradiel. De 'blauwe hûn' waard earder alris 'stellen' en dûkte as nijjiersstunt op foar it plysjeburo yn Burgum.
Neamd nei eardere boargemaster
It byld is makke troch keunstnersduo Albert Dedden en Paul Keizer út Deventer. De hûn fan 1.500 kilo komt út de brûnsjitterij Kemner yn it Noard-Brabânske Cuijk. Yn 2020 foelen riedsleden fan Tytsjerksteradiel noch oer de oankeap: it kolleezje joech yn coronatiid 75.000 euro út oan it keunstwurk dat se 'in hûn mei in lampe yn 'e bek' neamden.
It nije plein sit op de krusing fan de Noardersingel en de Tsjibbe Geartsstrjitte. De namme fan it plein komt fan in grytman en boargemaster út it ferline: Hobbe Baerdt van Sminia (1823-1851). It projekt heart by de werynrjochting fan Burgum nei de komst fan de Sintrale As.