Tennisser Sander Arends nei goede wike ûnderút yn heale finale ATP-toernoai yn Umag

Sander Arends op argyfbyld © Orange Pictures
Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat freedtemiddei de heale finale fan it toernoai fan Umag ferlern. Yn Kroäsië gie Arends, tegearre mei syn fêste dûbeldmaat David Pel, mei 4-6 en 6-7 ûnderút tsjin de Italianen Bolelli en Vavassori.
Arends en Pel wiene dizze wike aardich op dreef op it Kroatyske gravel. Yn de earste ronde wûnen se yn trije sets (3-6 6-3 10-5) fan it duo Demoliner/Oswald. De twadde ronde waard wûn fan it duo Cabral/Matos (6-4 4-6 10-5).
Troch it plakje yn de heale finale pakt Arends dizze wike 90 punten foar de ranglist. Dêrmei komt er werom yn de top-100 fan de wrâld, op plak 94.