Wat kin Hearrenfean dwaan mei de miljoenen fan Van Ewijk?

Milan van Ewijk is bliid mei syn doelpunt © Orange Pictures
No't Hearrenfean Milan van Ewijk ferkocht hat, is der wer jild beskikber om spilers oan te lûken. Mar wat moat Hearrenfean noch helje en wat is der mooglik?
Ferline seizoen ferkocht Hearrenfean Amin Sarr foar 12 miljoen oan Olympique Lyon yn de winterstop. De flagge gong miskien wol út by in soad supporters. De redenearing: Hearrenfean hat no wer jild om spilers te keapjen.

Transferjild Sarr is op

Mar sa ienfâldich is dat net. Fan dy 12 miljoen bliuwt lang net alles oer.
Eins is it transferbedrach 11 miljoen euro. Dat iene miljoen hoecht Olympique Lyon pas oer te meitsjen as Sarr of de klup oan bepaalde easken foldocht. Faak giet it om in bepaald oantal wedstriden dat Sarr spylje moat of dat de klup bygelyks de Champions League helje moat.
Amin Sarr (argyffoto) © Orange Pictures
Dan bliuwt der noch alve miljoen euro oer, mar ek dat bedrach kin Hearrenfean net folslein útjaan. Hearrenfean moat noch jild ôfstean oan de klups wêr't Sarr earder spile hat, wêrfan tsien prosint oan Malmö FF. Faak giet der noch in bedrach nei de saakwaarnimmer en pakt de spiler wat tekenjild.
Sa bliuwt der sa'n acht miljoen euro oer. Mar Hearrenfean hat elts jier in operasjoneel tekoart. It komt derop del: der wurdt, los fan transfers, mear jild útjûn as dat der binnenkomt.
By de lêste begrutting wie dat 5,6 miljoen euro. Dat kinst dus eins wer fan dy acht miljoen euro ôflûke. Boppedat hat Hearrenfean yn de winterstop wer twa ynvestearrings dien: Ousame Sahraoui en Daniel Karlsbakk. Sahraoui soe sa'n 1,8 miljoen euro koste ha, wylst de 20-jierrige in flinke ynvestearring wie fan 2,5 miljoen euro.

Jild wie op

Underoan de streep kinst dus sizze dat Hearrenfean gjin jild mear oer hat om opnij spilers te keapjen. De ferkeap fan Van Ewijk sil foar opluchting soargje by Zandvliet en algemien direkteur Ferry de Haan. Mei it jild kinne se de spilersmerk op.
Kenneth Zandvliet © sc Heerenveen
Zandvliet hat de ôfrûne wiken in boadskippelistje makke foar de posysjes dêr't Hearrenfean spilers nedich hat: in spits, in twadde keeper, in linksfuottige ferdigener, in fleugeloanfaller en no dus ek in rjochtsback.

Fiif nije spilers nedich

Foar de rjochtsback-posysje hopet Hearrenfean fuort troch te pakken mei Denzel Hall. De 22-jierrige ferdigener waard it ôfrûne seizoen ferhierd oan ADO Den Haach, mar is eigendom fan Feyenoord. Hearrenfean wol graach trochpakke, mar yntusken wol Fortuna Sittard Hall ek ha.
Hall spile twa kear foar Feyenoord en it ôfrûne jier yn de Keuken Kampioen Divisie. Hy spile foaral as rjochtsback, mar ADO-trainer Dick Advocaat brûkte him de lêste moannen as sintrale ferdigener.
Sjoch hjir hoe't de mooglik nije spits fan Hearrenfean twa kear skoarde tsjin Poalen:
Ek foar de spitsposysjes hat Hearrenfean al in spiler op it each. Ion Nicolaescu wol graach nei Fryslân ta komme en Hearrenfean wol de 24-jierrige spits gau binnenhelje.
De spits skoarde foar Moldavië yn in EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Poalen. Moldavië wûn dy wedstriid mei 3-2 en Nicolaescu skoarde twa kear. It ôfrûne seizoen skoarde er fjirtjin kear yn tweintich kompetysjewedstriden foar Beitar Jerusalem.

Komt de transfer fan Milan van Ewijk op tiid?

It is no foaral de fraach oft de transfer fan Van Ewijk net te let komt en oft Hearrenfean op tiid trochskeakelje kin nei Hall en Nicolaescu. De prioriteit leit by de spits en de rjochtsback-posysje. Nicolaescu moat dan de konkurrinsje oangean mei Karlsbakk. Itselde jildt foar Hall, dy't in konkurrint hat mei Hussein Ali.
Denzel Hall, mooglik de nije rjochtsback fan Hearrenfean © Orange Pictures
As dy twa posysjes ynfolle binne, sil skeakele wurde nei de oare trije posysjes. Sa hopet Hearrenfean in fleugeloanfaller oan te lûken, dy't ek efter de spits spylje kin.

Nei de spits en rjochtsback skeakelje nei fleugeloanfaller

Yn de oanfal sit it op de linksbûten mei Sahraoui wol goed. Mar de 10-posysje is wol in 'zorgenkindje'.
Oan de ein fan ferline seizoen besocht Hearrenfean-trainer Kees van Wonderen it al mei Sahraoui op de '10'. In eksperimint dat net echt in sukses wie. It jout wol oan dat Van Wonderen net tefreden is mei de gearstelling op it middenfjild. Van Amersfoort is mear in 9,5, spilet te ticht op de spits en foel nei in goed begjin ek wat ôf.
En ek op de rjochtsbûten-posysje is it noch wat meager. Alex Timossi waard ferline jier foar sa'n 750.000 euro oernaam fan Bayern München, mar komt hast net oan spyljen ta en liket foarearst in miskeap.
Yn de winterstop kaam Ché Nunnely, mar dy liet noch net in soad sjen. Yn santjin wedstriden skoarde hy ien kear.
Kin Ché Nunnely it nivo oan fan Hearrenfean? © Orange Pictures
Nunnely kaam lykwols krekt werom fan in swiere knibbelblessuere. De fraach is no oft er goed genôch is of dat der echt wat by moat.
Sa wie Hearrenfean al ynteressearre yn Xander Severina. Dy spile ferline jier by ADO Den Haach, mar hat keazen foar in transfer nei Partizan Belgrado.

Arsenal-spiler op proef

Op dit stuit is Joel Idaho op proef. Idaho is 20 jier en transferfrij. Hy spile yn de jeugd by Willem II, Ajax en Arsenal. Hy spile noait in wedstrijd yn it earste alvetal fan dy lêste ploech.
Melle Joop Witteveen, út Emmeloord, krige yn de tarieding ek wat minuten en hat krekt in kontrakt tekene. Mar mei syn 20 jier liket er foaral de kâns te krijen om him te ûntwikkeljen by Jong Hearrenfean.
Itselde jildt foar middenfjilder Espen van Ee, dy't oerkaam is fan Jong Vitesse. Ek de 20-jierrige Van Ee hat in kontrakt krigen.
Komt der noch in klup foar Andries Noppert? © Orange Pictures
As de spits, de rjochtsback en de oanfaller binnen binne, sil Hearrenfean noch skeakelje nei in ferdigener en in keeper.

Lêste prioriteiten: twadde keeper en linker-ferdigener

Hearrenfean liet linksback Rami Kaib weromgean nei Sweden en Joost van Aken syn kontrakt waard net ferlinge. Dêrom is de besetting linksefteryn tin.
Yn de tarieding krijt Roan van der Plaat (20), krekt as ferline seizoen, wat spyltiid. Hy die it seker net min, hy hat ek in kontrakt krigen, mar Hearrenfean sil him op dat mêd noch wol fersterkje wolle.
Sintraal yn de ferdigening stiet it aardich mei Syb van Ottele en Pawel Bochniewicz. Boppedat traint Sven van Beek wer mei. Van Beek hat lykwols noch gjin wedstriid mei spile.
Mei Van Beek en Van Ottele hat Hearrenfean twa rjochtsfuottige ferdigeners. Mar mei Bochniewicz hat de klup mar ien linker-sintrale ferdigener en mei Mats Köhlert eins ek mar ien linksback.
Programma oefenwedstriden
29-07 Huddersfield Town - Hearrenfean;
05-08 Hearrenfean - FC Metz;
Earste trije wedstriden yn de earedivyzje
12-08 Hearrenfean - RKC;
20-08 FC Utrecht - Hearrenfean;
27-08 Hearrenfean - Sparta Rotterdam.
Andries Noppert is foar no noch altyd de earste keeper. Ynteresse is der genôch, mar konkreet wie der noch gjin inkelde klup.

Mous fuort, dus noch twadde keeper nedich

De keeperskarrûsel moat noch wat op gong komme. Wol is it wis dat Xavier Mous net mear by Hearrenfean ûnder de latte stiet. Syn kontrakt rûn ôf en is net ferlinge.
Hearrenfean sil dêrom noch op syk nei in twadde keeper. No is Jan Bekkema de twadde keeper en de talintfolle Bernt Klaverboer (17) fan Ketlik is de tredde keeper.
Los fan spilers dy't Hearrenfean sels noch oanlûke wol, is it ek noch mar de fraach oft alle spilers bliuwe.

Utgeande transfers

Tibor Halilovic en Alex Timossi meie útsjen nei in oare klup. Yn ferskate media waard Thom Haye al linkt oan klups út Ingelân, Frankryk en Turkije. En hoe komt it mei Sahraoui? Hat dy yn in heal jier by Hearrenfean al safolle yndruk makke, dat guon klups him ha wolle?
Hearrenfean spilet 12 augustus de earste kompetysjewedstriid tsjin RKC. Ferry de Haan hat noch oant 31 augustus om te sleuteljen oan syn seleksje. Dan slút de transfermarkt.