Simmer yn Fryslân: Boeremerk yn Wâldsein
Simmer yn Fryslân: Boeremerk Wâldsein
It Simmer yn Fryslân-gefoel belibbest alle jierren wer by Omrop Fryslân. Wy geane der op út en litte sjen wêrom Fryslân sa moai is: in festival op himsels. Op de Boeremerk yn Wâldsein belibbest de smaak fan Fryslân.
"O, wat hearlik!", seit ien fan de ferkeapers op de merk as Tonnie Ketelaar mei gebak delkomt. De edysje fan dizze wike is ekstra spesjaal, want de merk oan de Waechwâl wurdt foar de 50e kear holden. Ketelaar sit yn de organisaasje fan de Boeremerk en fertelt wat dizze merk sa unyk makket.
"De standhâlders komme graach nei Wâldsein ta, omdat alles hjir draait om it lokale produkt. Dat lûkt alle kearen in soad besikers. Net allinne ynwenners fan Wâldsein, mar ek in soad toeristen. Dútsers binne der sljocht op. Besikers en standhâlders komme alle kearen werom."
Wy hawwe alle eveneminten yn Fryslân foar dy op in rige setten. Sjoch foar de folsleine aginda op de Simmer yn Fryslân-side.