498 yn stee fan 25: folle mear elektryske auto's oan board fan frachtskip

De situaasje op it brânende frachtskip boppe Skylge is yn ferliking mei tongersdei net bot feroare. Wol is dúdlik wurden dat der folle mear elektryske auto's oan board fan it skip binne as earder tocht waard. It giet om 498 auto's yn stee fan 25, sa't earder meld waard.
Dat meldt de rederij K Line. Wat de gefolgen fan it hegere oantal elektryske auto's binne, is net dúdlik. It fermoeden is dat de brân ûntstien is yn ien fan de elektryske auto's. Yn totaal ferfiert it skip 3783 auto's.
De Fremantle Highway driuwt no 17 kilometer noardlik fan Skylge, noch hieltyd yn de saneamde middenberm fan twa farwegen. Sleepboat Fairplay 30 hat in sleepferbining mei it skip om him yn dy middenberm hâlde te kinnen.
De Kustwacht seit dat de boat noch hieltyd yn de gaten holden wurdt. Der wurdt ek wurke oan in plan om de boat te bergen.
Brân
Yn de nacht fan tiisdei op woansdei ûntstie der brân op it 200 meter lange frachtskip, dat doe boppe It Amelân fear. Der wienen 23 minsken oan board fan it skip, dy binne der allegear ôf helle. Ien persoan is om it libben kaam, oare bemanningsleden rekken ferwûne.
Oan board fan it skip binne hast 4.000 auto's. Dêrnjonken sit der 1600 ton oalje en 200 ton disel yn it skip. Der wurdt alles oan dien om te soargjen dat de boat driuwen bliuwt en al dit guod net yn see bedarret.
De yntinsiteit fan de brân liket minder te wurden. De Kustwacht seit dat der noch wol in protte reek frijkomt. It is noch net feilich genôch om in bergingsteam oan board fan it skip te bringen. Der wurdt sûnt tongersdei net konstant mear kuolle mei bluswetter om te soargjen dat der net tefolle wetter op it skip komt. Dat kin it skip ûnstabyl meitsje.
Njonken de Fairplay 30, dy't woansdei de sleepferbining oernommen hat, binne noch fjouwer boaten oanwêzich om de situaasje yn de gaten te hâlden en te helpen as dat nedich is. It giet om twa slepers, de Guardian en de Hunter, de Multrasalvor 4 dy't bergers ûnderstipet en de Arca. Dy lêste boat kin yn aksje komme as der oalje frijkomt fan it skip.
Sa lei it skip der tongersdei by