Omwenners wurde gek fan draaiende treinmotoaren op stasjon Harns Haven

De apparteminten lizze net fier fan it spoar © Omroep Zilt, Richard de Boer
Draaiende motoaren, fentilatoaren en doarsinjalen: omwenners wurde gek fan de treinen op stasjon Harns Haven. Elts healoere wer. In oantal omwenners skreau in brief oan Provinsjale Steaten.
It appartemintekompleks oan de Willemskade leit deun foar it stasjon oer en dêr hawwe omwenners fan te lijen. In 'onhoudbare situatie', litte de briefskriuwers witte.
Yn desimber 2020 waard de tsjinstregeling oanpast. Op it trajekt Ljouwert-Harns Haven waard in tredde trein ynset foar in bettere oansluting. Yn april 2021 kamen der nije treinen en alles byinoar soarge neffens de omwenners foar lûdsoerlêst.
Guon bewenners ûnderfine sels 'fysike en psychyske sûnensklachten', lit in bewenner fan de Willemskade witte.

Ynspanningen

De ôfrûne jierren hat der oerlis west tusken Arriva, ProRail, gemeente Harns en de provinsje. Mar nettsjinsteande de ynspanningen steane der noch hieltyd in soad treinen 25 minuten lang mei draaiende motoaren by it perron, wêrnei't fiif minuten letter de folgjende trein komt.
© Omroep Zilt, Richard de Boer
De situaasje ferbettere doe't yn desimber mei twa treinen rieden waard en der in koartere keartiid op stasjon Harns Haven wie. Mar om't Deinum en Dronryp ien kear yn it oere oerslein waarden, stapte de ferfierder dochs wer oer op de âlde tsjinstregeling.
Yn april is de provinsje úteinset mei in evaluaasje, om ek ferskate tsjinstregelingsfarianten te beoardieljen. De bewenners hoopje dat der in fariant keazen wurdt mei in koartere keartiid op it stasjon.