Gjin hichtefreze yn in ballon: is dat in feit of fabel?

Sa heech yn in kuorke: doarsto it oan? © ANP
De Friese Ballonfeesten binne yn folle gong: in nachtmerje foar minsken mei hichtefreze, soene je sizze. Mar dat falt hiel bot ta, sa docht bliken. Sterker noch, neffens guon is hichtefreze gjin probleem yn in koer ûnder in ballon.
Ballonfarder en âld-foarsitter fan de Ballonfeesten Herman Kleinsmit fart al sûnt 1986 en hat nea lêst hân fan syn hichtefreze.
"Als ik op een trapje moet staan om de dakgoot schoon te maken dan vraag ik de buurman, dat durf ik niet. Maar op 500 meter in een ballon, daar heb ik geen enkel probleem mee."
Herman Kleinsmit, âld-foarsitter fan'e Fryske Ballonfeesten © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It ferhaal yn de ballonwrâld giet dat trochdat der gjin kontakt is mei de grûn, in minske gjin hichtefreze hawwe kin. Neffens psycholooch Irma van Steijn is dat lykwols in fabel: "Dat is onzin, er zijn heel veel mensen die heel erg bang zijn om in een luchtballon of vliegtuig te stappen."

Twa soarten eangst

Ferklearring foar it fenomeen dat Kleinsmit ûnderfynt is der wol: it binne twa soarten eangst.
"Op een gebouw ben je bang dat je een misstap maakt en valt, dat je dus zelf een fout maakt. Dat heeft te maken met regieverlies, gripverlies. Bij een ballon, vliegtuig of glazen vloer is dat anders. Dan heb je last van angst dat een externe factor niet werkt zoals die zou moeten", seit Van Steijn.
"Een deel van je brein overdrijft de kans dat er iets ergs gebeurt, daardoor keer je je af en dat is juist niet de manier om van je angst af te komen."

Earst even oerhelje

It koste Kleinsmit wol efkes foar't er de koer yn doarde. By syn earste organisaasje fan de ballonfeesten yn 1986 waard hy mei in hiel soad muoite oerhelle om it dochs ris te besykjen. "Toen moest ik wel, anders zou ik het nog jaren horen dat ik niet durfde."
Irma van Steijn © Eigen foto
Doe't de ballon de hichte yn gie wie er earst wol hiel nerveus, jout Kleinsmit ta. "Mar dat had meer te maken met dat het allemaal nieuw was; het vuur, het geluid." Hy hoegde lykwols net lang te wennen, nei fiif minuten wie er om en woe sels ek ballonfarder wurde.

De loft yn tsjin eangst

Foar minsken dy't wol benaud binne, wurket mar ien ding om der fan ôf te kommen. De psychologiepraktyk út en de loft yn, seit Van Steijn. "Met mijn patiënten ga ik dan de Achmeatoren in Leeuwarden op. Niet een keer, maar echt een heleboel keren op en neer, dan kom je er pas vanaf. Angst is goed behandelbaar."
"Alleen is het natuurlijk wel vrij duur om meerdere luchtballonvaarten te doen", heakket sy noch ta.
Op de vuurtoren van Ameland was ik doodsbenauwd, de volgende dag hing ik op 500 meter.
Ballonfarder Herman Kleinsmit
Der wurdt lykwols troch psychologen op dit stuit experimentearre mei it middel Propranolol. Wa't earst de eangst bot opsiket en dan it middel nimt, hoecht yn it gefal fan hichtefreze mar ien kear nei boppe.
"Je brein 'schrijft' de ervaring dan anders weg omdat je lijf veel rustiger reageert. De kans dat de angst echt daarna weg is, is heel groot en je hoeft die angst dus niet steeds maar opnieuw te triggeren", leit Van Steijn út.

"Gewoon doen"

De metoade wurket goed by heftige inkelfâldige eangsten, dat wol sizze by eangsten foar bygelyks hichten, spinnen, groepen minsken of tonger.
No is it der fan kaam dat Kleinsmit sels minsken mei hichtefreze oertsjûgje moat mei te gean. "Dan zeg ik: we blijven laag varen, doe nou maar. Het is nog nooit gebeurd dat we terug moesten voor iemand die bang was. Je moet even de stap durven te zetten en het gewoon doen."