Museum De Spitkeet wol profesjoneler: "Nei 40.000 besikers yn 2025"

Willem Weening © Omrop Fryslân, Mats Gies
In fernijde yntree, in betelle koördinator en mear gearwurking mei skoallen. Mei dy yngrediïnten wol iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema de kommende jierren groeie nei 40.000 besikers it jier.
De profesjonalisearringsslach is ûnder mear mooglik troch in subsydzje fan 280.000 euro út de Regio Deal.
Dêrneist stimde de gemeenteried fan Achtkarspelen koartlyn yn mei in strukturele subsydzje foar De Spitkeet. It giet fan takom jier ôf om bedrach fan 50.000 euro it jier.
Frijwilliger Renze Dijkstra is wakker wiis mei de stipe. "Dit wie de stap dy't wy nimme moasten. Ik haw altyd sein: wy binne as museum te grut foar it servet, mar te lyts foar it tafellekken. De organisaasje is grut wurden."
"Eins it dit in hiel grut bedriuw, dêr't 80 of 90 minsken mei dwaande binne. Dat moatst op in goeie wize organisearje, oars is it dreech te dwaan", fertelt foarsitter Willem Wouda. "Wy wolle nei 40.000 besikers yn 2025."

Earmoed

Frijwilligers Renze Dijkstra en Willem Weening binne al sûnt it begjin belutsen by De Spitkeet. Sy witte sels noch dat guon húskes bewenne waarden. "De alderearmsten, dy wennen hjir", neffens Weening. "It wie hjir earmoed en nochris earmoed."
"It is eins noch mar hiel koart lyn", fertelt Dijkstra. "Sawat tusken de 75 en 100 jier. It wiene allegear minsken dy't yn deselde posysje sieten: se hiene neat en moasten har mar rêde."
Dat it museum no in grutte stap foarút meitsje wol, kinne beide manlju wol wurdearje. "Dit wie eins de stap dêr't wy nei ta moasten. De organisaasje is sa grut wurden."