Piet Paulusmabrêge iepene troch famylje yn Harns

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Harnzers kinne sûnt tongersdei oer de Piet Paulusmabrêge. De gemeente woe de ferstoarne waarman yn it sin bringe, op in plak dat wichtich wie foar him.
"Ik kaam hjir krekt oanriden, fuort pikefel", fertelt dochter Martsje Paulusma. "Wy fine dit fantastysk, hjir binne we hiel grutsk op."
Gemeente Harns woe de waarman, dy 't ferline jier ferstoar oan kanker, yn de stêd betinke, seit boargemaster Ina Sjerps.
"Het was een bekende Harlinger, maar ook een bekende Fries en Nederlander. En vooral een heel fijn mens, die zich heel erg heeft ingezet voor Harlingen, Fryslân, kleine initiatieven en voor zijn gezin."
Piet Paulusmabrêge wurdt iepene
Tegearre mei de famylje waard socht nei in geskikt plak. It waard in brêge oer de Boalserterfeart, dêr 't de waarman jierrenlang oan wenne. "En de Alvestêderûte fansels", seit Paulusma.

Alvestêderûte

"As it hiel moai waar west wie wiene we mei de boat kaam en der fuort even ûndertroch", laket Paulusma. "Dat geane we seker ek dwaan. En fytse, rinne, en it leafst reedride."
Komt der dan lang om let wer in Alvestêdetocht, sa't Piet faak foarsei, sil de brêge fol stean. "Dan kan je hier, op de Piet Paulusmabrug, kijken naar alle schaatsers die eronder door komen." heaket Sjerps dêr oan ta.
© Omroep Zilt, Lennard Geerts