Mooglik nij, grut seegersfjild by It Amelân

Meiwurkers fan de Rijksuniversiteit ûndersykje it seegers © Laura Govers, RUG
In eksperimint mei it siedzjen fan grut seegerssied en lyts seegers op it Waad op hichte fan Nieuwlandsreid op it Amelân smyt spektakulêre resultaten op. Dêrom wurdt der de kommende maitiid sa as it no liket folle grutskaliger seegers útsetten.
As alles goed giet, soe dat betsjutte dat der njonken Gryn aanst ek in grut fjild mei seegers by Amelân ûntstiet. Yn opdracht fan en betelle troch Rijkswaterstaat hat in groep bedriuwen en ynstellings yn de maitiid op fjouwer plakken op it Waad dit soarte fan eksperiminten útfierd. It plak by it Amelân is ynsiedde troch The Fieldwork Company.
Op Skiermûntseach hat dat neat opsmiten, mar by Skylge en Teksel binne wol planten opkaam. Mar fan wat der by Amelân bard is, binne de ûndersikers fan de Rijksuniversiteit Groningen dy't de lokaasje koartlyn beseagen pas echt bliid wurden.

Groot succes

"Griend is onze referentie. Daar heeft het de laatste jaren heel goed gedaan. En op Ameland staan nu meer planten dan in dezelfde zaaiplots by Griend; maximaal twintig planten per twee bij twee meter. Dat is een groot succes", seit Laura Govers fan de Rijksuniversiteit Groningen en it NIOZ.
Mooglik nij, grut seegersfjild by Amelân
It giet hjir om seegers op drûchfallende platen. Dat soarte fan seegers giet elts jier dea, mar set dêrfoar wol safolle sied ôf dat der wer in nije generaasje planten ûntstiet. Der is ek seegers dat permanint ûnder wetter groeit. Dat ferspried him middels it woartelstelsel. Nei it weromkrijen dêrfan wurdt noch folop ûndersyk dien.
Seegers wie ris koart nei de komst fan de Ofslútdyk út it Waad ferdwûn. It is in saneamde 'biobouwer' dy't mei de kust beskermje, mar ek in plak dêr't lyts libben wennet en grutter groeie kin. Boppedat bynt it in hiel soad CO2 en dat is yn dizze tiden fan klimaatferoarings ek net ferkeard.

"Grote verrassing"

Neffens Govers is it bysûnder wat der no by Amelân bard: "In 2020 hebben we ook op vijf locaties gezaaid. Dat was eigenlijk een mislukking. Nergens stonden meer dan een paar planten. Dit is echt een grote verrassing en heel mooi!"
In soad seegers op it Waad by Amelân © Laura Govers, RUG
Fan de lokaasje by it Amelân binne in soad gegevens sammele dy't no analysearre wurde. Want de wittenskippers binne wol hiel nijsgjirrich nei wêrom de planten it hjir sa goed dogge.
Govers: "Ameland is heel erg modderig en je zakt er ook heel ver in de bodem als je er rondloopt. Daar zitten veel voedingsstoffen in. Dat betekent ook dat het heel erg beschut is." Dêr liket seegers wol fan te hâlden, mar der is noch folle mear ûndersyk foar nedich om dêr wis fan te wêzen.

Grutskaliger ynsiedzje

It is no de bedoeling om it Amelân op te skalen: "Daar kunnen we hopelijk volgend jaar wat grootschaliger in gaan zaaien." Mar it bliuwt spannend want it is net wis hoe grut it potinsjeel geskikte gebied is. En ek is noch mar de fraach oft it sied fan de hjoeddeistige planten nei de winter ek ta nije planten liedt.
Undersyk by it Amelanner seegers © Laura Govers, RUG