"Op Bonêre is it libben noch gemoedlik lykas yn guon Fryske doarpen"

© Omrop Fryslân
Sandra Smidt-de Haan (48) is krekt werom nei't se twa jier op Bonêre wenne hat. Se wurke dêr yn it ûnderwiis. It eilân wie fantastysk ,seit se. "Sinne, see, strân. Wat wolst noch mear?"
Sandra is berne op 'e Jouwer. Se hat lang yn Aldeboarn wenne en de lêste tiid wenne se op It Hearrenfean. Har dochter Lieke woe nei har vwo in tuskenjier dwaan yn 'e hoareka. Mar fanwege de corona wie alles ticht. Op Bonêre wie alles wol iepen, dus woe se dêrhinne. In hiel jier allinnich wie har te lang en heit Siemen en mem Sandra besleaten mei te ferhúzjen.

Underwiis

Sandra wie direkteur fan in basisskoalle yn Goutum. Se hie krekt in sabbatical opnaam. Dus se hie de hannen frij. Man Siemen is selsstannich. Dy kin oeral wurkje.
© Omrop Fryslân
In baan fine op Bonêre wie net dreech. Se krige in kontrakt om twa jier op in basisskoalle te wurkjen. Lykas yn Nederlân is ek op Bonêre grutte krapte oan learkrêften. Se helje se út Nederlân en út Suriname.
Hup, koarte broek of jurkje oan en klear.
Sandra hie gjin kleandilemma's by 27 oant 32 graden
Bonêre foldie poerbêst, it waar likegoed as de minsken. "It is dêr altyd tusken de 27 en 32 graden. Hoechst net nei te tinken hokker klean ofst oandwaan moatst. Hup, koarte broek of jurkje oan en klear."
"It is dêr hiel gemoedlik, allegeare mei-inoar Dêr hast echt noch it doarpse datst soms ek noch wol yn Fryslân sjochst. Dêr hast de rêst. De minsken dogge it oan tiid foar inoar."
© Omrop Fryslân
As se yn Nederlân toeterje dan tinkt se altyd: ik moat avensearje, oan de kant gean. Op Bonêre is it: Toe mar. meist wol efkes earst. Dat it libben dêr sa rêstich is, komt mei trochdat it eilân net grut is. Kinst it ferlykje mei Teksel, seit Sandra. "Der is net folle. Moatst dy deljaan. Mar dat moatst wol kinne."

Wêrom werom?

As it harren sa goed foldien, wêrom binne se dan weromgien nei Nederlân? It is de ôfstân. Har dochter studearret no yn Grins. "Jo misse inoar te bot."