Anouska Koster rekket boltsjestrui kwyt yn Tour de France

Anouska Koster © ANP
Anouska Koster hat mar ien dei genietsje kind fan it riden yn de boltsjestrui yn de Tour de France foar froulju. Yara Kastelijn hat de lieding pakt yn it berchklassemint.
Woansdei pakte de 29-jierrige hurdfytser fan De Westereen nei in suksesfolle ûntsnapping genôch berchpunten om tongersdei yn de boltsjestrui ride te meien. Doe moast sy Kastelijn al gean litte rjochting de einstreek.
De Tour de France Femmes duorret noch oant en mei snein.