Milan van Ewijk ferruilet sc Hearrenfean foar Coventry City

Milan van Ewijk giet nei Coventry City, dat makke sc Hearrenfean tongersdei bekend. De ferdigener fan sc Hearrenfean hat in kontrakt by de klup út Ingelân tekene.
Coventry City betellet nei alle gedachten sa'n fjouwer miljoen euro. Dit bedrach kin noch oprinne as Van Ewijk wer ferkocht wurdt. Dan krijt Hearrenfean in persintaazje fan it transferbedrach.
Van Ewijk kaam yn de simmer fan 2021 oer fan ADO Den Haag. Dêrfoar spile hy ek in heal seizoen by SC Cambuur. Yn it earste seizoen spile hy op ien wedstriid nei alles en waard hy troch de Hearrenfean-fans útroppen ta Spiler fan it Jier.
It ôfrûne seizoen
Dit seizoen spile hy alle 34 kompetysjewedstriden en hy skoarde seis kear. De 22-jierrige rjochtsback mocht dizze simmer ek mei Jong Oranje mei nei it Europeesk Kampioenskip yn Georgië.
Earder wie der al belangstelling fan in soad oare klups, sa as Sporting Portugal, Anderlecht en Augsburg.
By Coventry City sil Van Ewijk spylje mei de Nederlânner Gustavo Hamer. Ferline seizoen wist Coventry City krekt net te promovearjen. Se ferlearen yn de finale fan de play-offs op Wembley nei penaltys fan Luton Town.
Mei de transfer fan Van Ewijk hat Hearrenfean wer wat finansjele romte. Hearrenfean is noch op syk nei in spits, in ferdediger dy't linksback en sintraal spylje kin, in twadde keeper en no dus ek nei in rjochtsback.