Ljouwert hat it earste Fryske sirkulêre gemaal: "Het was een heel leerproces"

It gemaal dat de Ljouwerter wyk Skieringen drûch hâlde moat © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It earste gemaal fan Wetterskip Fryslân dat sirkulêr oanlein is, stiet yn Ljouwert. Foar it grutste part is twaddehânsk materiaal brûkt of it komt út de natuer.
It poldergemaal dat de wyk Skieringen drûch hâlde moat, ferfangt twa oare gemalen dy't oanein wienen. By de sloop fan dit gemaal kinne se úteinlik it materiaal wer op 'e nij tapasse.
"Dit gemaal heeft een materialenpaspoort meegekregen", seit Monique Plantinga fan it wetterskip.
"Daarin staat precies beschreven wat voor materialen er gebruikt zijn en wat de circulaire waarde ervan is. En dan hoop je over een jaar of vijftig, als het weer ontmanteld wordt, die materialen weer terug te kunnen brengen in de kringloop. Dan kunnen we daar weer mooie, nieuwe dingen mee maken."
Dit gemaal yn Ljouwert is sirkulêr oanlein
Mei 79 persint wergebrûk fan materiaal hat it wetterskip in hiel grut part miljeufreonlik oanlein. "De pompput is van ecobeton, dat is cementloos beton", leit projektmanager Elmar Tilstra út.
"Diverse onderdelen zijn van biocomposiet. Stalen damwanden hebben we hergebruikt. We hebben walbeschoeiing van oude gemalen toegepast. Maar om de betrouwbaarheid te kunnen garanderen, hebben we nu gekozen voor een pomp die nieuw is en de elektro-installatie is ook vernieuwd."

Minder CO2-útstjit

Mei elektryske kranen en in aggregaat op sinnepanielen wie der by de bou folle minder CO2-útstjit. Der is sa min mooglik fersnien of laske. Sa wie it 58 persint minder belêstend foar it miljeu. Fierder is der blomsied siede foar de biodiversiteit.
Miljeufreonlik gemaal, dêr't ek fiskjes trochhinne kinne © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It giet hjir om in relatyf lyts poldergemaal, dy't yn in minút 7.000 liter ferpleatse kin. Dochs hawwe se fan dit projekt in soad leard, seit Plantinga. "Het was een heel leerproces. Dat kunnen we straks loslaten op nieuwe gemalen, die gerenoveerd of vervangen moeten worden."
It wetterskip hat tûzen poldergemalen yn Fryslân. De ambysje fan it wetterskip is om yn 2050 folslein sirkulêr te wêzen.