Liveblog | 27 july 2023

Kustwacht: Yntinsiteit brân nimt ôf | Skip driuwt no oare kant op

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste nijs oer it brânende frachtskip boppe It Amelân.

  • Boppe It Amelân is yn de nacht fan tiisdei op woansdei brân ûntstien op it frachtskip Fremantle Highway;
  • Dêrby kaam ien bemanningslid om it libben, de 22 oaren rekken ferwûne;
  • It skip ferfiert sa'n 4.000 auto's, wêrfan ûngefear 25 elektryske.
Lêst bywurke: 27 july 2023, 22:56
22:56

Ein fan dit liveblog

Foar hjoed is dit de ein fan it liveblog. It frachtskip stiet noch altyd yn de brân en leit op dit stuit noardlik fan Skylge. Wol liket de yntinsiteit fan de brân ôfnaam te wêzen.
De kustwacht hat sein dat it skip mooglik noch dagen oant wiken brâne kin.
Fansels hâlde wy de situaasje yn de gaten. Moarn binne updates wer op ús webside te lêzen.
22:07

Frachtskip is in fearnsslach draaid

© CAMJO Media
De streaming is oan de ein fan de middei draaid, it skip no ek in fearnsslach. It leit noch altyd boppe Skylge.
19:12

Nije needferbining

De needferbining mei de Fermantle Highway is oernaam troch in oare sleepboat, de Fairplay 30.
De ferbining is no sterker dan de foarige. De situaasje is noch altyd stabyl, meldt de kustwacht.
18:55

Yntinsiteit fan de brân nimt ôf

Der binne gjin flammen mear te sjen by de brân op it frachtskip. De yntinsiteit fan de brân nimt dus wat ôf, meldt de kustwacht.
17:58

Streaming feroaret, skip driuwt no nei it easten

De streaming feroaret, op dit stuit wurdt dat brûkt om it skip te draaien, sa meldt de Kustwacht. Sy wolle dêrmei soargje dat it de Fermantle highway rjochting it easten driuwe kin.
Dat moat barre mei stipe fan in sleepboat. Oant no ta dreaun it skip just nei it westen ta.
It frachtskip sil tusken de farrûtes hâlden wurde en de ôfstân ta de kust fan Skylge bliuwt sa'n 16 kilometer.
17:36

Ynternasjonale skipfeartorganinaasje wol nochris goed sjen nei risiko's ferfier elektryske auto's

Binnen de ynternasjonale skipfeartorganinaasje IMO is der al in wurkgroep yn it libben roppen om nochris goed te sjen nei de wize wêrop't mei de risiko's fan elektryske auto's oan board fan skippen omgongen wurdt. Neffens de Keninklike Feriening fan Nederlânske Reders (KVNR) is it wichtich om te besjen oft de hjoeddeiske regeljouwing foar saken as brânbestriding en feiligens noch folstiet.