Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân hat noed oer gefolgen brân foar It Waad

Boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân © Omrop Fryslân
Op It Amelân is boargemaster Leo Pieter Stoel besoarge oer de gefolgen dy't de brân op it frachtskip Fremantle Highway hawwe kin op de natuer fan it Waad.
"Een van de dingen waar we ons zorgen over maken is dat als er giftige stoffen of olie van het schip komt, hoe we daar mee omgaan." Op dit stuit is der gjin oanlieding dat der giftige stoffen of oalje frijkomt, sei Rykswettersteat earder. "Maar we blijven het nauwgezet volgen", seit Stoel.
It skip leit sa'n 30 kilometer boppe it Amelân. As it sinke soe, soe dat in miljeuramp betsjutte kinne. Foar it eilân docht de situaasje tinken oan de ramp mei de MSC Zoe, dêrby't containers fan in skip ôffallen binne.
"Het zijn belangrijke en drukke scheepvaartroutes, werelderfgoed, daar lopen we risico's mee. Daar hebben we eerder gezien dat er containers van schepen af kunnen vallen. Dat er schepen aan de grond kunnen lopen in de Zuidelijke vaarroute."
"Deze brand blijft voor ons onderstrepen dat er extra aandacht nodig is voor de veiligheid van de scheepvaart op deze route. Het is té dichtbij het werelderfgoedgebied Wadden."