MIRG-team koe net helpe by 'hevige en onbeheersbare brand': "Het is domino-effect"

© NOS
Veiligheidsregio Rotterdam-Rijnmond waard fannacht ynskeakele om de brân op it skip by It Amelân te kontrolearjen, mar koe net helpe. "De brand was te hevig en onbeheersbaar", seit René van der Linden fan dizze feilichheidsregio.
De feilichheidsregio Rotterdam-Rijnmond stie paraat om de brân by it skip ûnder kontrôle te krijen."We wilden de brand aan boord beperken en blussen, maar hoorden dat de bemanning al weg was en de brand te hevig en onbeheersbaar was", seit Van der Linden.

MIRG

Rotterdam-Rijnmond hat in team dat spesjalisearre is by it bestriden fan skipsrampen. Dit is de Maritime Incident Response Group (MIRG). Ek it havenbedriuw fan Rotterdam en de mienskiplike brânwacht is ûnderdiel fan dit team, dat dus ek earne oars ynset wurde kin. Lykas hjoed.
Brân 'te hevig en onbeheersbaar' foar MIRG
"We gaan naar de vertreklocatie, waar we worden opgehaald met een helikopter", fertelt Van der Linden. Dy bringt it team dêrnei nei it skip. "Daar helpen we de kapitein, onder wie z'n gezag wij dan vallen."

Gjin materiaal en personiel

Van der Linden fertelt fierder dat it team ôfhinklik is fan it materiaal oan board, lykas brânslangpompen en oare systemen. En oars hat it help fan it personiel nedich.
"Maar dit was nu dus niet mogelijk. Iedereen moest immers zo snel mogelijk worden geëvacueerd. Daarom was er geen rol meer voor ons weggelegd", fertelt Van der Linden.

Domino-effect

It giet om in tige fûle brân, ferfolget er. "Die zich ook nog eens snel ontwikkelt. Het is een domino-effect: de ene auto raakt in de brand door de andere."
"De accu's van elektrische auto's kun je alleen blussen door ze 48 uur in water onder te dompelen. Ze onderhouden zich namelijk zelf en produceren eigen zuurstof", seit Van der Linden. "Daarom is dat nauwelijks te doen."