Echtpear yn Goutum lit tsjinlûd hearre: "Vluchtelingen zijn hier wél welkom"

It eardere hotel Campanile yn Goutum © LEO Middelsé
It Goutumer echtpear Alexandra Berculo en Ernst Graff hat goed sechstich hantekeningen ophelle fan buorlju en omwenners dy't flechtlingen yn it doarp ferwolkomje. Dêrmei wol it pear in tsjinlûd hearre litte oer de krityk dy't ûntstien is.
Yn it eardere hotel Campanile yn Goutum wurde sûnt oardel wike flechtlingen opfongen. Yn de needopfang is plak foar maksimaal 110 persoanen.
De komst fan de opfang soarge foar opskuor yn it doarp, sa die ûnder mear bliken by in ynringearkomste en in gemeenteriedsgearkomste. Ynwenners binne benaud foar oerlêst en ûnfeilige situaasjes troch de komst fan flechtlingen.

Skrokken

Dêrtroch ûntstie te 'n ûnrjochte it byld dat Goutum negatyf tsjinoer flechtlingen stiet, seit it echtpear Alexandra Berculo en Ernst Graff. "We zijn geschrokken van de heftige reacties", seit Berculo.
Tsjinlûd Goutum: flechtlingen wól wolkom yn doarp
"Nu lijkt het net alsof heel Goutum tegen is, terwijl dat niet zo is. Wat betreft ons en andere mensen zijn ze wél welkom. En dat tegengeluid willen we graag laten horen."
Mensen zeggen: we voelen ons rot bij de sfeer die in het dorp hing.
Alexandra Berculo
Yntusken hawwe goed sechstich Goutumers de brief fan it pear beäntwurde mei in hantekening as stipebetsjûging. "Dat zijn mensen die ook zeggen: we voelen ons heel rot bij die sfeer die in het dorp hing. Namelijk de sfeer dat Goutum geen vluchtelingen wil."

Frijwilligers needopfang

Ek it bestjoer fan de Agnestsjerke yn Goutum draacht de nije buorlju in waarm hert ta. Sy hat op Facebook in oprop pleatst om kaartsjes te stjoeren nei de opfang en om dy oan te melden as frijwilliger.
Neffens in wurdfierder fan it COA binne der yntusken 15 oanmeldingen fan nije frijwilligers.