Friezen yn Italië en op Rodos: natuerbrannen en 'hagelstiennen as tennisballen'

© ANP
De Grykske eilannen wurde op it stuit teistere troch grutte boskbrannen en yn Noard-Italië fleane hagelstiennen sa grut as aaien troch de loft. Twa Friezen fertelle wat se de ôfrûne dagen meimakke ha.
Alie van der Wal út Feankleaster is mei har húshâlding op fakânsje nei de Gardamar yn Italië en kaam midden yn it needwaar telâne.
"Ynienen kamen der driigjende wolken en enoarm folle wjerljocht. Eat wat ik net herken fan Fryslân", fertelt Van der Wal. "Dit wie ien en al flitsljocht en wyn, mar gjin tonger. En kompleet ûnferwachts wie it as oft der in mitrailleurgewear kaam. It wiene hagelstiennen as tennisballen."
Doe't it oer wie en se wer nei bûten koe, wist se net wat se seach. Allegearre auto's mei stikkene ruten en hagelskea. "Ek by mobile homes, yn de foarkant sjochst gewoan gatten fan de hagelstiennen sitten."

Grikelân

Op Rodos binne de natuerbrannen noch hieltyd net ûnder kontrôle. Troch ekstreme hjitte, drûchte en hurde wyn is it dreech om de brannen út te krijen. Nei skatting is tsien prosint fan it Grykske eilân ôfbrând.
Fries om utens Annette Kastonis wennet al mear as 40 jier op it eilân. Se is bot ûnder de yndruk fan de brannen. "Het is vreselijk", seit Kastonis. "Rhodos is echt een heel mooi eiland. Alle bossen zijn verbrand en heel veel dieren zijn omgekomen. Het is echt zonde."
In Rhodos-stad merken we helemaal niets.
Fries om utens Annette Kastonis
Kastonis wennet yn Rodos-stêd, de haadstêd yn it noarden fan it eilân. Dêr fernimt se net in soad fan de natuerbrannen. "In Rhodos-stad merken we helemaal niets. Er is hier ook geen rook, want de wind gaat de andere kant uit naar het zuidoosten."
In soad eilanners en toeristen út de troffen gebieten yn 'e midden fan it eilân binne nei de stêd gien. Se wurde opfongen yn skoallen, sportsealen en hotels of by Griken thús.
Mei in freondinne hat Kastonis guod ynsammele en nei de minsken ta brocht dy't it nedich ha. "En alle supermarkten geven gratis groente, fruit, water of wat ze maar nodig hebben."

Krityk

De help is te let op gong kaam, fynt Kastonis. "De laatste dagen komt er steeds meer hulp, maar dat had veel eerder moeten gebeuren." Ek hat se krityk op it Grykske regear. "Van de regering was hier helemaal geen hulp. Alles is gebeurd door vrijwilligers en plaatselijke bevolking. De regering heeft helemaal niets gedaan."
De natuerbrannen ha grutte gefolgen foar it toerisme op Rodos, seit Kastonis. Se is benaud dat toeristen no weibliuwe, wylst der op in grut part fan it eilân neat oan 'e hân is. "Als de toeristen gewoon blijven komen, hebben we geen probleem. Als mensen gaan annuleren, zijn wij daar ook de dupe van, want wij moeten het van het toerisme hebben."