Rêdingswurker: "Bemanning echt in nood, springen van zo'n hoog schip doe je niet zomaar"

Rêdingswurker Willard Molenaar © NOS
Skipper Willard Molenaar fan de KNRM op It Amelân waard om ûngefear 00.30 oere fannacht syn bêd "uitgepiept" mei de melding fan in brânend skip boppe it eilân. Hy wie mei syn bemanning as earste teplak.
Se seagen in soad reek en in bemanningslid stie op it achterskip. "Die is in het water gesprongen en die hebben we eruit kunnen halen samen met de collega's van rederij Noordgat."
Dêrnei gong it hiel hurd. "De brand verspreidde zich veel sneller dan verwacht dus die mensen moesten er allemaal af." De brân soarge ek foar in soad hjitte. "Wij voelden de warmte al bij ons aan boord, en wij lagen er een eindje van af."
Rêdingswurker KNRM: "Ze zaten als ratten in de val"
Molenaar en syn bemanning ha sân minsken út it wetter helle. "Een voor een zijn ze gesprongen en wij hebben ze uit het water gevist. Ze waren echt in nood en daarom moesten ze springen, dat doe je van zo'n hoog schip niet zomaar."
Se wienen der min oan ta, neffens de skipper. "Ze hadden ademhalingsproblemen en waren gewond geraakt door de hoge sprong. Dat was wel pittig."
Sechstjin opfarrenden fan it skip binne ferwûne rekke, ien is stoarn. Hoe't dat bard is, is net dúdlik.

Allegear frijwilligers

Letter wie de helikopter teplak om de rest fan it skip te heljen. "Dat was op dat moment het juiste instrument om die mensen eraf te halen."
Molenaar is 'supergrutsk' op syn bemanning. "Ik ben een van de acht betaalde schippers, maar dit zijn allemaal vrijwilligers die dit gewoon naast hun werk doen."