Liveblog
|
26 july 2023
112-nijs: Brân op Skylge troch tongerynslach | Fertochte stekynsidint yn Sint Anne oanhâlden
Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 26 july 2023, 14:38
14:38
Fertochte oanhâlden foar stekynsidint Sint Anne
Oan it begjin fan de middei hat in 27-jierrige man út de gemeente Waadhoeke him meld op it plysjeburo yn Harns.
Hy is dêr oanhâlden, sit op dit stuit noch fêst en wurdt ûnderfrege.
It ûndersyk fan de plysje yn en rûn de wenning oan de Wieringerstraat, dêr't it slachtoffer oantroffen is, giet troch.
10:25
Brân op Skylge troch tongerynslach
De Skylger brânwacht hat woansdeitemoarn in dak blust yn West-Skylge. Troch in tongerynslach fleach in wenning yn 'e brân. De brân ûntstie neidat der woansdeitemoarn flinke tongerbuien oer it eilân lutsen. De brânwacht fan West en Midslân kamen yn aksje.
Der kamen ek ambulânses te plak, mar gjinien rekke ferwûne by de brân.
09:30
Stekynsidint Sint Anne
06:00
Auto's bedarje yn de sleat troch oanriding
Oan de Rykswei A32 yn Haskerdiken binne tiisdeitejûn in buske en in auto troch in oanriding yn de sleat bedarre. Meardere helptsjinsten waarden ynset, mar der hoegde net ien nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe't de oanriding krekt barre koe. In bergingsbedriuw hat de weinen út it wetter wei helle.
05:55
Grutte brân op frachtskip boppe It Amelân
Op in frachtskip sa'n 30 kilometer noardlik fan It Amelân is fannacht brân útbrutsen. Alle 23 bemanningsleden ha it skip Fremantle Highway yntusken ferlitten, meldt in wurdfierder fan de Kustwacht.
Oan board fan it skip binne hast 3.000 auto's. "Het vermoeden is dat de brand is uitgebroken in een elektrische auto", seit de Kustwacht.