Italiaan Giulio Ciccone wint 41e Profronde fan Surhústerfean

De Italiaanske hurdfytser Giulio Ciccone yn de boltsjestrui © ANP
De Italiaanske hurdfytser Giulio Ciccone hat de 41e Profronde fan Surhústerfean wûn. Wout Poels út Nederlân waard twadde en as tredde kaam Carlos Rodríguez út Spanje oer de finish.
Ciccone wûn ferline wike yn de Tour de France de boltsjestrui, foar de bêste klimmer. Yn dy trui fytste er ek de rûntsjes troch Surhústerfean.
Yn in kopgroepke fan trije kamen Ciccone, Poels en Rodríguez op de finish ôf. De Italiaan en de Nederlanner fytsten neist elkoar oer de einstreek, mar it wie Ciccone dy't krekt wat rapper wie en de winst wist te pakken.