Meardere beswieren tsjin festival Psylân by Ryptsjerk meitsje takomst festival ûnwis

© Omrop Fryslân, Mats Gies
It moat in moai feest wurde ein augustus: de twadde edysje fan it Psylân-festival op camping De Terpen by Ryptsjerk. De organisaasje hopet sa'n 1.500 besikers te ferwolkomjen. Hoewol't de fergunning fan de gemeente al regele is, bliuwt de takomst ûnwis.
Psylân is eins de lytsskalige opfolger fan Psy-Fi. Dat festival koe ôfrûne jier yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert net trochgean troch beswieren. Ek foar dit festival binne beswieren kaam.
Fjouwer beswiermakkers binne benammen benaud foar lûdsoerlêst. Neffens ien dêrfan, Groene Ster Duurzaam, lit it bestimmingsplan sa'n soarte festival net ta. Dochs leit der al in fergunning fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Muzyk binnendoar

"Wy tinke dat wy hiel sterk steane", fertelt ponghâlder Jacob Boskma fan Psylân. "Grut ferskil mei oare festivals is dat de muzyk hjir binnendoar is. Wy ferwachtsje dêrom ek minimale oerlêst foar de omwenners. Wy fine it sels hiel spitich dat de beswieren der binne, mar wy binne der hûndert persint fan oertsjûge dat wy trochgean kinne."
Wannear't de rjochter him oer de beswieren bûgje sil, is noch net bekend. De rjochter helle ferline jier in pear wike foar it grutte festival Psy-Fi yn de Griene Stjer in streek troch de fergunning.
"Dat vonden wij enorm vervelend", seit foarsitter Bart Burkhardt fan Psylân. "Niet alleen voor ons, maar ook voor de mensen die uit het buitenland kwamen en vliegtickets hadden. Daarvoor hebben we met Psylân vorig jaar getracht iets leuks neer te zetten en ik denk dat dat gelukt is."
It festival, dat fan woansdei 23 oant en mei snein 27 augustus pland stiet, hat in fergunning foar maksimaal twatûzen besikers. It liket der net op dat dat tal helle wurdt. "We horen van veel mensen dat ze zeker komen", vertelt Burkhardt. "Maar in de laatste week verkopen we de meeste kaarten."