Rie foar swimfeiligens wol ferplichte swimlessen foar basisskoalbern

De Nationale Raad Zwemveiligheid (NRZ) wol swimlessen wer ferplicht stelle op de basisskoallen. Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek docht bliken dat fiif minsken ferline jier yn Fryslân ferdronken.
"Wij schrikken altijd weer van die cijfers", seit swimynstrukteur Gillis van Maanen fan swimbad De Bildtse Slag yn Sint-Anneparochie. Hy jout swimles oan alle leeftiidsgroepen. Njonken dat krije minsken mei in net-autochtoane eftergrûn lessen yn Sint-Anne.
NRZ: "Fier swimles wer yn op de basisskoalle"
"De zwemlessen zelf zijn het probleem niet. Het onderhouden is daarentegen wel een heikel punt. Veel mensen krijgen wel zwemles, maar als ze eenmaal klaar zijn onderhouden ze het niet. Daardoor gaat het zwemmend vermogen achteruit."
De fiif ferdrinkingsdeaden binne allegear âlder as 50 jier. By it swimbad sette sy dêrom ek yn op swimles foar âlderein. "De spierkracht wordt minder als je ouder wordt en dan moet je dus blijven wennen aan het water."
Underhâlde is wichtich
De Nationale Raad voor Zwemveiligheid docht de oprop om swimlessen op basisskoallen wer te ferplichtsjen. It is alle jierren op 25 july 'World Drowning Prevention Day', in dei dat yn de hiele wrâld stilstean wurdt by ferdrinkingsdeaden.

"As bern oant groep 8 swimmen bliuwe dan ha sy der folle mear oan," seit Ellen Schripsema fan de NRZ Fryslân. "No krije sy op jonge âldens al les, mar dêrnei hâldt it dan op. As se dan âlder wurde dan krije sy minder gefoel mei it wetter en dan kinne der ûngemakken komme. Wy hoopje dus dat der gewoan ferplicht swimles komt. Alle wiken in oerke oant en mei groep 8, dat is foar elkenien better."
It giet om minsken
Gillis van Manen stipet de oprop fan de NRZ. "Ik weet dat het veel geld gaat kosten, maar je moet ook zien wat het je oplevert. We hebben het allemaal over mensenlevens en die zijn niet in geld uit te drukken."