It Vlietermonumint op de Ofslútdyk is oan de Waadkant wer iepen

It Vlietermonumint, krekt foar de restauraasje © ANP
Minsken dy't de Ofslútdyk oerstekke nei Den Oever, kinne wer by it Vlietermonumint komme. Nei twa jier restauraasje hat Rykswettersteat it fersoargingsplak wer foar in part iepensteld foar ferkear.
It monumint en it fersoargingsplak lizze op it plak dêr't op 28 maaie 1932 de Ofslútdyk tichte is. Alle jierren makken sa'n heal miljoen minsken gebrûk fan dit plak om efkes de auto oan de kant te setten en fan it útsjoch te genietsjen.
De ôfrûne tiid waard it fersorgingsplak lykwols fernijd en útwreide. Dêrtroch binne der no 43 parkearplakken beskikber. Net fier fan de lokaasje stiet ek it stânbyld fan yngenieur Cornelis Lely: de Ofslútdyk wie syn libbenswurk. Dit byld is no ek wer fan tichtby te besjen.
It ikoanyske byld fan Lely op de dyk © ANP
Op it fersoargingsplak is as heechwetterkearing in muorre fan 750 meter lang en goed trije meter breed boud. Op dy wize is der ek in grutter 'balkon' op de muorre, dat tsjinnet as útsjochpunt oer de Waadsee.
It monumint is ûntwurpen troch arsjitekt Willem Dudok en it wie in jefte fan de bouwer fan de Ofslútdyk oan de steat. De toer hie lykwols te lijen fan waar en wyn en yn de rin fan de tiid binne der ek oanpassingen oanbrocht oan it ûntwerp. De restauraasje moat alles wer yn eare werstelle.

No de oare kant

It giet earst om de kant oan it Waad, de restauraasje giet noch troch oan de oare kant fan de dyk. Nei alle gedachten is oan de ein fan takom jier it Vlietermonumint ek wer berikber oan de Iselmarkant. Dêr binne dan ek foarsjenningen om in bakje kofje te drinken of nei it húske te gean.
As it wurk oan it monumint klear is, kin ek de nije rinbrêge oer de A7 yn gebrûk naam wurde. Dy iepenet op itselde momint as it fersoargingsplak oan de Iselmarkant.