IM easket 240 oeren wurkstraf tsjin akteur Thijs Römer yn sedesaak mei Frysk slachtoffer

Rjochtbanktekening fan akteur Thijs Römer © ANP
It IM easket 240 oeren wurkstraf tsjin akteur Thijs Römer. Hy moast him tiisdei foar de rjochter yn Assen ferantwurdzje foar ferskate sededelikten. Trije froulju yn de leeftiid fan 14 oant 16 jier, fan wa ien út Fryslân, leinen in ferklearring ôf.
Neist in wurkstraf easket it IM ek 90 dagen finzenisstraf, wêrfan't 89 dagen ûnder betingst en in proeftiid fan in jier.
Fan de trije froulju wie ien net oanwêzich yn de rjochtbank yn Assen. Sy hie in skriftlike ferklearring ôfjûn. Sy joegen oan dat sy yn harren libben in soad lest hân hawwe fan de ûnderfiningen mei Römer: "Na ons contact heb ik jarenlang onder toezicht gewoond, ik heb nare seksuele ervaringen gehad. Dat is niet jouw schuld, maar het is wel bij jou begonnen", sa sei ien fan de froulju.

Seksueel tinte foto's en filmkes

Römer soe harren frege hawwe om bleatfoto's en -fideo's te stjoeren. Sels soe er 'dickpics' stjoerd hawwe. Advokate Maartje Schaap seit dat de trije froulju geestlike skea oprûn hawwe en dat sy der oant de dei fan hjoed lêst fan hawwe.
IM easket 240 oeren wurkstraf tsjin akteur Thijs Römer yn sedesaak mei Frysk slachtoffer
Römer sei yn de rjochtsaak lykwols dat der gjin seksueel tinte foto's en filmkes útwiksele binne. Wol is der neffens him oer seks praat. Tsjin de rjochter sei Römer dat hy in persoan is dy't frij maklik oer seks prate kin.
Earder sei Römer tsjin de plysje dat hy net fûn dat hy in grins oergien wie troch priveekontakt te hawwen mei de famkes. Dêr tinkt hy no oars oer, sei er yn de rjochtbank. "Zij was 14, ik veel ouder en ook nog een bekende acteur. Dat heb ik toen niet in het oog gehad."

Berjochten fuort

"Dat hele appen had überhaupt niet moeten gebeuren. Het privécontact had ik onmiddellijk af moeten kappen", sei Römer. Hy hat de berjochten fan de appgroep dêr't de froulju yn sieten ferwidere. Dat is neffens him bard út gewoante: "Ik ben een enorme wisser."
De Fryske frou die har ferhaal net yn de seal, mar yn in slachtofferkeamer. Dy ferklearring wie allinnich foar de rjochter te hearren. In oare frou die wol har ferhaal tsjinoer alle oanwêzigen, de tredde ferklearring waard troch de advokate foarlêzen.
Römer en slachtoffers eagen spand. Der wie grutte media-oandacht foar de saak yn Assen. Yn de rjochtseal wie net genôch plak foar alle ferslachjouwers.

Persoanlike omstannichheden Römer

De media-oandacht hat ek in soad effekt op it persoanlik libben fan Römer, sizze de reklassearring en syn psycholooch. De akteur is út films helle of ferfongen en syn húshâlding hat ûnder de saak te lijen. Dêrtroch is syn ynkomsteboarne hast folslein opdrûge.
Neffens de offisier fan justysje Henk Mous moatte dizze faktoaren gjin rol spylje yn de berjochting fan de akteur. "In ieder geval niet meer dan iedere andere verdachte zoals een leraar die ontslagen wordt, of een loodgieter die minder klussen krijgt." Hy heakke ta dat de ferklearringen fan de trije froulju "consistent, betrouwbaar en eenduidig" binne.

Skeaclaims

De trije froulju freegje skeaclaims fan 4.000 euro. Ien frou wol dêrnjonken in fergoeding fan de kosten foar terapy. Dat soe yn totaal 5.600 euro wurde.
De útspraak wurdt oer twa wiken ferwachte.