Ried Skylge stelt fakânsje út foar ekstra gearkomste oer haven

De gemeenteried fan Skylge sil nije wike nochris gearkomme oer de ferbouwing fan de haven. De opposysje wol wethâlder Hoekstra ûnder it reses op it matsje roppe oer de renovaasjeplannen.
Hoewol't it simmerreses moandei al begûn wie, woene PvdA, CDA en Samen Terschelling dochs noch in kear yn debat. In part fan it projektteam, dat ferantwurdlik is foar de útwurking fan de plannen, soe nammentlik opstapt wêze.
De partijen fregen dêrom in ynterpellaasjedebat oan foar nije wike tongersdei. Dêryn kinne riedsleden in boargemaster of wethâlder oan de tosk fiele oer in ûnderwerp. De ried die dat ferline jier septimber ek al, doe moast Caroline van de Pol fragen beäntwurdzje. De ried sei doe úteinlik it fertrouwen yn de boargemaster op.