RUG siket Frysksprekkers: "Zien of woorden nu anders worden uitgesproken dan toen"

Ynwenners fan Feanwâlden, Grou, Jobbegea, Noardwâlde, Seisbierrum, Snits en Warkum: attinsje! Undersiker Raoul Buurke siket jim om fêst te stellen hoe't de Fryske taal de ôfrûne jierren feroare is.
Buurke is promovendus oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Hy wol útsykje hoe't it Nederlânsk it Frysk feroare hat. Dêrfoar docht er in ûndersyk út de jierren 80 nei.
"Voorgangers van mij hebben opnames gemaakt met sprekers uit verschillende plaatsen", leit Buurke út. "Dat proberen we nu opnieuw te doen, zodat we het kunnen vergelijken. Zo kunnen we vaststellen of Friessprekenden dezelfde woorden nu misschien anders uitspreken dan toen."
Sprekers van het Fries zijn ook wat meer begaan met hun taal.
Buurke rjochtet him by it ûndersyk net allinnich op it Frysk. Hy docht promoasjeûndersyk nei streektalen yn hiel Noard-Nederlân. Dêr falt ek it Nedersaksysk fan Grinslân ûnder. Mar de twa talen kinne har wolris oars ûntwikkele ha, tinkt Buurke.
"Het Fries is meer levend, als ik het zo mag zeggen. En sprekers van het Fries zijn ook wat meer begaan met hun taal. Dat kan heel veel uitmaken voor hoeveel er van een taal behouden blijft."
Ferlykje mei fjirtich jier lyn
Yn it Nedersaksyske taalgebiet sjocht Buurke al dat der behoarlik wat dialektwurden ferfongen binne troch Nederlânske wurden. Dat is yn hiel Nederlân it gefal, dus it soe neffens him goed kinne dat dat foar it Frysk ek jildt.
Mar om dêr wis fan te wêzen, hat er dus sprekkers nedich, sadat er opnamen meitsje kin en dy ferlykje kin mei de opnamen fan fjirtich jier lyn.
De sprekkers dy't Buurke noch siket, moatte dan wol út deselde regio's komme as de sprekkers fan it eardere ûndersyk. In ynwenner fan Feanwâlden praat gewoanwei ommers oars as ien út Seisbierrum. Ek de leeftiid en it geslacht moatte oerienkomme mei de sprekkers fan Buurke syn foargongers.
Buurke siket noch:
- Feanwâlden en omkriten: in man tusken de 67 en 73 jier âld
- Grou en omkriten: in man tusken de 54 en 60
- Jobbegea en omkriten: in man tusken de 56 en 62
- Noardwâlde en omkriten: froulju tusken de 68 en 74
- Seisbierrum en omkriten: manlju tusken de 61 en 67
- Snits en omkriten: manlju tusken de 57 en 63 (hy siket hjir sprekkers fan it Snitsersk, net fan it Frysk)
- Warkum en omkriten: manlju tusken de 57 en 63
Dielnimmers oan it ûndersyk moatte wurden oersette fan it Frysk nei it Nederlânsk. "Heel simpele woorden, zoals 'huis' en 'muis'." In oar ûnderdiel is in koarte fragelist. Yn totaal kostet it in lyts kertier, ferwachtet Buurke.
Oanmelde kin op Buurke syn webside.