Steenbergen krekt nei finale 200 meter frije slach

Marrit Steenbergen yn de heats fan de 200 meter frije slach © ANP
Marrit Steenbergen hat har op it WK swimmen krekt pleatst foar de finale fan de 200 meter frije slach. Mei in tiid fan 1.56,49 gong se as achtste troch.
Mei in hûnderdste ferskil op de nûmer njoggen swom sy krekt hurd genôch om troch te gean nei de finale fan moarn.
"Pff dat was echt close", jûch Steenbergen nei har race ta. "Ik zag die eerste halve finale en toen dacht ik: oh dat kan ik ook. Maar toen zag ik dat het bij ons harder ging. Het was niet zo soepel als ik had gehoopt. Ik stortte een beetje in aan het eind. Dat meisje naast mij tik ik er dan nog net uit. Ik ken haar ook, maar ik was sneller en het was gelukkig net genoeg."

Moarn wer yn aksje

De 23-jierrige swimster út Easterwâlde komt fannacht en moarn wer yn aksje: de heats en finale fan de 4x100m wiksel en de finale fan de 200 meter steane op it programma yn Fukuoka (Japan).
Steenbergen seach ek werom op har teloarstellende sânde plak fan juster yn de finale fan de 200 meter wikselslach. Se baalde benammen fan har tiid. "Ik had gister waarschijnlijk toch wat last van zenuwen. Daardoor miste ik de ontspanning in mijn lichaam. Het voelde allemaal heel zwaar."
Se hie har mei de tredde tiid pleatst foar de finale. Yn de einstriid wie se goed twa sekonden stadiger as yn de heale finale (2.11,89 om 2.09,30). "Het was misschien niet helemaal realistisch, maar ik wilde dat heel graag in de finale ook halen. Ik was veel te veel daarmee bezig. Maar het was wel heel leerzaam."
© Omrop Fryslân