Dizze trettjin Tourfytsers dogge jûn mei oan de 41e Profronde yn Surhústerfean

Fabio Jakobsen ferline jier by de Profronde © RTV NOF
Mei nammen as Giulio Ciccone, Wout Poels, Biniam Girmay en Fabio Jakobsen is it dielnimmersfjild fan de Profronde fan Surhústerfean tige kompetityf. Tiisdei dinderet it hurdfytsspektakel foar de 41e kear troch de strjitten fan it doarp.
Yn totaal steane der dit jier trettjin fytsers oan de start dy't de ôfrûne wiken de Tour de France fytsten. Fan de Nederlanners binne Wout Poels en Fabio Jakobsen de grutste nammen. Wol mei twa tsjinoerstelde ferhalen dit jier: de earste wûn in etappe, de lêste foel út mei in blessuere. Jakobsen, de regearjend Europeesk kampioen, is yntusken opknapt.
Der is njonken Poels noch in etappewinner yn Surhústerfean aktyf: Carlos Rodríguez út Spanje. Hy fytste oan de ein fan de swiere fjirtjinde etappe fuort by Tadej Pogacar en Jonas Vingegaard. Yn it einklassemint waard er fiifde.
De Italiaan Giulio Ciccone moat dit jier ek ien fan de grutte publykslûkers wurde. Hy wûn yn de Tour de boltsjestrui, foar de bêste klimmer. Yn it ferline wie er al trije kear de bêste yn in etappe yn de Giro d'Italia en dit jier noch pakte er in rit yn it Critérium du Dauphiné.
Dit binne de trettjin Tourfytsers oan de start fan de Profronde:
  • Wout Poels (Team Bahrain Victorious)
  • Giulio Ciccone (Lidl-Trek, Italië)
  • Carlos Rodríguez (INEOS Grenadiers, Spanje)
  • Biniam Girmay (Intermarché-Circus-Wanty, Eritreä)
  • Mike Teunissen (Intermarché-Circus-Wanty)
  • Danny van Poppel (Bora-Hansgrohe)
  • Cees Bol (Astana)
  • Lars van den Berg (Groupama-FDJ)
  • Elmar Reinders (Team Jayco AlUla)
  • Ramon Sinkeldam (Aplecin-Deceuninck)
  • Fabio Jakobsen (Soudal-Quickstep)
  • Pascal Eenkhoorn (Lotto Dstny)
  • Nils Eekhoff (Team DSM-Firmenich)
Albert Helfrich en Ale Procee sjogge mei in glimk út nei tiisdei. De earste hat nei tolve jier foarsitterskip fan it Wielercomité it stokje oerdroegen oan de lêste. "It bliuwt bysûnder dat wy de topfytsers, twa dagen nei de Tour de France, 'gewoan' hjir oan de start krije kinne. Dat is en bliuwt altyd in prachtich moaie útdaging", seit Procee.
"Wy wolle Surhústerfean en eins ek de hiele regio op 'e kaart sette. Dat dogge we al jierren mei help fan it hurdfytsen. We ferwachtsje tusken de 25.000 en 30.000 besikers, want uteraard is it evenemint wer fergees tagonklik", beslút âld-foarsitter Helfrich.
Tiisdei komme middeis earst de junioaren, nijelingen en beloften foarby en om 19.00 oere ferskine de profs oan de start.
Oan it slotstik, de Profronde sels, dogge njonken de Tourfytsers ek seis Friezen mei. Dat binne Otto van Zanden, Elmar Abma, Guillaume Visser, Björn Bakker, Joeri Fledderus en Henk Bos.