Dramasearje oer saak-Vaatstra stiet faai troch ferliezen by Viaplay

Plysjes by de oanhâlding fan Jasper S. © ANP
De dramasearje 'De jacht op Jasper S.' stiet faai, no't streamingstsjinst Viaplay besletten hat om foarearst gjin jild te stekken yn Nederlânske dramaproduksjes. It Sweedske bedriuw Viaplay hie yn it twadde fearnsjier in ferlies fan 6,5 miljoen euro.
It bedriuw bliuwt wol aktyf yn Nederlân, mar wol him foarearst konsintrearje op sportprogramma's. Viaplay makke ferline jier bekend dat der wurke wurdt oan in Nederlânske 'Nordic noir'-dramasearje mei de namme 'The Hunt for Jasper S.'.
De searje is ynspirearre op de saak-Marianne Vaatstra, mar soe makke wurde fan it perspektyf fan de plysje út.

Begjin opnames

It beslút fan Viaplay om net yn Nederlânsk drama te ynvestearjen is hurd oankommen by filmprodusint Pupkin yn Amsterdam. It bedriuw stie op it punt om mei de opnames fan de searje te begjinnen. Hjir soene mei-inoar sa'n sechtich minsken oan meiwurkje, sawol foar as achter de kamera.
By Pupkin wurdt hope dat de filmprodusint op koarte termyn in oare streamingsmaatskippij of omrop foar de dramasearje ynteressearje kin.

Viaplay konsintrearret op haadsaken

Filmprodusint Pupkin yn Amsterdam lit witte dat se op dit stuit 'geen commentaar' jaan kinne op fragen oer hoe't it mei de dramasearje komt. Pupkin ferwiist foar kommentaar nei it Sweedske haadkantoar fan Viaplay.
De streamingstsjinst jout sels gjin neiere taljochting op harren parseberjocht oer de ferliezen yn it twadde fearnsjier. Mar harren parseberjocht biedt net folle romte foar nije dramaproduksjes; Viaplay moat snije yn it personielsbestân en him konsintrearje op haadtaken om te oerlibjen yn de konkurrinsjestriid mei oare streamingstsjinsten as Netflix en Videoland.

Senario

Streamingstsjinsten wurde meikoarten ferplichte om in part fan de omset dy't se yn Nederlân meitsje wer te ynvestearjen yn de produksje fan dramaproduksjes yn it Nederlânsk of Frysk. De wet dy't dit regelet, is al oannommen troch de Twadde Keamer, mar noch net troch de Earste Keamer.
Neffens it plan foar de searje, skreaun troch senarioskriuwer Willem Bosch, wurdt de saak folge fan de fynst fan it lichem fan it slachtoffer ôf, oant de feroardieling fan de moardner, mear as 14 jier letter.
Bosch hat sa'n tsien jier dwaande west om it idee foar de searje út te wurkjen ta in senario. Hy wurke earder ûnder mear oan de dramasearjes Van God Los, Penoza en Nieuwe Buren.