Kommisjelid Ellens ferfangt skorste Margreet Jonker yn Steatefraksje ChristenUnie

Petra Ellens © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Steatelid Margreet Jonker, dy't troch har partij ChristenUnie foar sechstjin wiken skorst is, wurdt ferfongen troch kommisjelid Petra Ellens. Der wienen klachten oer Jonker binnenkaam by de partij.
ChristenUnie wol net sizze om watfoar klachten it giet. Jonker siet mei Matthijs de Vries yn de fraksje fan de ChristenUnie en se foarmen ek it ûnderhannelingsteam foar it koälysje-akkoart.
De Vries is yntusken deputearre en Jonker is dus no skorst. De fraksje bestiet no út Jantsje van der Veen en dus Ellens.
Jonker is ek griffier yn de gemeente Dantumadiel. Riedsleden dêr hienen problemen mei de rol dy't Jonker hie as ûnderhanneler by it provinsjale bestjoersakkoart, omdat se yn de gemeente polityk neutraal bliuwe moat. It is net bekend oft dizze klacht dêroer giet.
It lanlike bestjoer fan de ChristenUnie ûndersiket de klacht, seit de Fryske ôfdieling fan de partij.
De earstkommende plenêre Steategearkomste is op 27 septimber.