Liveblog | 24 july 2023

112-nijs fan 24 july: Brân by ôffalferwurker It Hearrenfean | Ynbraak yn Drylts

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 24 july 2023, 20:10
20:10

Brân by ôffalferwurker op It Hearrenfean

© ProNews Producties
De brânwacht is fan 'e jûn oproppen foar in brân by in ôffalferwurkingsbedriuw oan De Dolten op It Hearrenfean. Der wie lichte reekûntwikkeling te sjen.
De brânwachtkorpsen fan De Jouwer, Tsjalbert en It Hearrenfean waarden oproppen. Nei in heal oere wie de brân ûnder kontrôle. It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.
12:09

Man oanholden foar ynbraak Drylts

De plysje hat in man oanholden op fertinking fan in ynbraak yn in hûs yn Drylts. Buertbewenners seagen dat in man yn in hûs wie, nei't de bewenners krekt fuort wienen. Ien fan de tsjûgen belle 112.
De fertochte naaide út, mar in tsjûge fertelde de plysje wêr't er sitte moast. Yn de achterfolging seach de plysje de man guod yn it wetter smiten. By de oanhâlding fûn de plysje ferskate sieraden, kontant jild en in beurs. Mooglik binne dy stellen út it hûs yn Drylts, of by in eardere ynbraak.
De fertochte sit foarearst fêst. De plysje hat op Facebook foto's pleatst fan guod dat se fûn ha by de man en freget eigeners fan it guod har te melden.
In part fan it guod dat de plysje fûn hat © Politie Sneek e.o.
10:52

Brânwacht hellet hynder út it wetter yn Ljouwert

© AS Media
De brânwacht is moandeitemoarn yn aksje kaam om in hynder út de sleat te heljen. Dat barde oan de Tjessingawei.
Der moast in kraan oan te pas komme om it bist út it wetter te krijen. De brânwacht hat goed in oere dwaande west.
07:57

Frou wer fûn

De frou dy't fermist wie yn de omjouwing fan Drachten, is fan 'e moarn betiid yn goede sûnens wer fûn. Dat befêstiget de plysje.
06:03

Fermiste frou yn omkriten Drachten

De plysje makket melding fan in fermiste frou fan 25 jier yn de omkriten fan Drachten. Se wurdt sûnt juster 10.00 oere fermist.
Ek in Search-and-rescueteam is oan it sykjen yn de omkriten fan De Wiken en de Torenstraat.
Wa't ynformaasje hat, wurdt frege de plysje te beljen op 0900-8844 of 112.