Spitse mei assist wichtich foar winnend Nederlânsk alvetal op WK

Sherida Spitse hat mei it Nederlânsk alvetal de earste wedstriid op it WK yn Australië en Nij-Seelân mei 1-0 wûn fan Portugal. Sherida Spitse fan Snits wie goed foar in assist.
Spitse wie de oanfierder fan it team fan bûnscoach Andries Jonker. Se stie as sintrale ferdigener opsteld, njonken Stefanie van der Gragt en Dominique Janssen. De oare Friezinne yn de seleksje, Kerstin Casparij fan It Hearrenfean, siet op de bank. Djip yn blessueretiid mocht se noch efkes ynfalle.
Opstelling Nederlân: Van Domselaar; Pelova (90+4. Casparij), Spitse, Van der Gragt, D. Janssen, Brugts; Roord, Groenen, Van de Donk (80. Egurrola); Beerensteyn (87. Snoeijs) en Martens.
Nei 13 minuten kaam Nederlân op foarsprong en Spitse hie fuort in wichtige rol. Ut har hoekskop kopte Van der Gragt raak: 1-0. De goal waard yn earste ynstânsje ôfkard om't Jill Roord bûtenspul stie. De VAR fûn lykwols dat Roord doelman Inês Pereira dêrby net hindere en dus telde it doelpunt.
Balferlies
Nederlân hie de wedstriid fierder ûnder kontrôle yn de earste helte. Spitse spile ferdigenjend sterk, mar ferlear noch te faak de bal. Portugal koe dêr net fan profitearje. It krêftsferskil wie te grut. Wat dat oanbelanget, hie Nederlân de skoare fierder útwreide moatten.
Yn de twadde helte waard Portugal gefaarliker. Nederlân hold lykwols stân. Dêrtroch binne de earste punten binnen op it WK.
"Lekkere start"
Spitse neamt de oerwinning in "lekkere start". "Portugal heeft geen grote kansen gecreëerd en was vooral lange ballen aan het spelen. Wij hadden controle. We hebben de nul gehouden en er zelf één gemaakt en dat is voldoende voor 3 punten."
"Het is een extraatje dat ik nog belangrijk ben met mijn trap, maar ook heel blij dat Stefanie (Van der Gragt, red.) nog scoort."
Takom tongersdei om 3.00 oere moarns spilet Nederlân de twadde wedstriid yn de pûlfaze tsjin regearjend wrâldkampioen de Feriene Steaten.