Steenbergen mei Nederlân sechsde yn finale 4x100 meter op WK

De Nederlânske swimsters, mei Marrit Steenbergen fan Easterwâlde, binne der net yn slagge om in medalje te pakken yn de finale fan de 4x100 meter frij op it WK yn it Japanske Fukuoka. It Nederlânske kwartet waard yn de finale sechsde.
Nederlân hie him as tredde pleatst foar de finale. Mei 52,13 wie Steenbergen dêrby de snelste fan alle dielnimmers op dit ûnderdiel. Foar de swimster sels wie it har fluchste splittiid ea.
200 meter wikselslach
Steenbergen mei ek nei de finale op de 200 meter wikselslach. Yn har heale finale einige se as twadde mei 2.09,30. Allinnich Yiting Yu út Sina wie flugger. Fan alle dielnimmers hat Steenbergen de tredde tiid. De finale fan de 200 meter wikselslach is moandei.