Filmprodusint Klaas de Jong makket satiryske spylfilm oer aktuele tema's

© ANP
In satiryske spylfilm dy't de spot driuwt mei aktuele tema's sa as diversiteit, gender en seksueel oerskriedend gedrach. Dat is it nije projekt fan filmprodusint Klaas de Jong. Sûnder subsydzje, dat lient him net foar sa'n soart film, fine de makkers.
Wy kinne Klaas de Jong al as produsint fan grutte Nederlânske films, sa as De skippers fan de Kameleon, de Scheepsjongens van Bontekoe, de Hel fan '63, Verliefd op Ibiza en Michiel de Ruyter.
No hat 'er in nij projekt op poaten setten. Mei in lyts ploechje makket er in satiryske spylfilm. "Wy nimme de tiid wat op 'e hak op syn eigen manier. It is in bytsje in grap dy't út de hân rûn is", seit De Jong der sels oer.
"It moast dus net wat weze as Michiel de Ruyter, it moast wat wêze dat te behappen wie mei in lytse ploech. Wy dogge it om't wy it moai fine."
De film giet oer in sjeesde popband dy't him ein jierren '80 ynfrieze lit, omdat se hoopje dat der dan in medisyn is foar har deadlik sike bassist.
Mar as se wer ûnteid wurde, binne se hielendal net oanpast oan de tiid en moatte se begelaat wurde troch in 'sensitivity-coach' en 'woke-korrekte' maatskiplik wurkers.
Bysûnder foar in spylfilm is dat der gjin subsydzje achter it projekt sit. Om't der net foldien wurdt oan de diversiteitskritearia en de 'woke-tema's', sizze de makkers.

Knypeach nei fal kabinet

"It Filmfonds, dêr't de measte films fan finansiere wurde, besteget 94,8 prosint oan Amsterdamske produsinten en Amsterdamske tema's. Dat betsjut ek datst yn dy oanfraachpapieren hiel fluch dúdlik meitsje moatst watst oan diversiteit dochst en hoe wy klimaat sjogge en al dat soarte dingen."
Dêrnjonken nimt in subsydzje-oanfraach in hiel soad tiid yn. It idee waard ein ferline jier betocht en it plan is om de film foar de ferkiezingen op 22 novimber ôf te krijen.
"Mei sa'n subsydzje bist jierren dwaande. It is just moai om it foar de ferkiezingen ôf te hawwen om't de titel "Kom maar bij ons", ek in bytsje in knypeach is nei it klappen fan it kabinet oer migraasje", seit De Jong.

Ynspiraasje

De ynspiraasje foar de film komt benammen út eigen ûnderfining, de aktualiteit en it gefoel fan in diel fan de befolking oer nije fenomenen. "Mei iennige ynteresse sjoch ik sels ek wol mei fernuvering nei dingen. Wy hawwe bygelyks in hiel leuke sêne mei in klimaatpsycholooch, ik wist oant koartlyn net dat dy bestie."
Wa't yn de film meispylje sille is noch net dúdlik.