Frysk Twadde Keamerlid Romke de Jong ferlit de polityk

© ANP
Twadde Keamerlid Romke de Jong stelt him net opnij ferkiesber. De politikus fan D66 wol mear omtinken jaan oan syn húshâlding en sil him nei alle gedachten rjochtsje op it ûndernimmerskip.
"It kabinet is fallen, dan moatte je je ôffreegje oft je wer 100 prosint jaan kinne, want dat fertsjinnet dit amt", stelt De Jong. "Troch in kombinaasje fan faktoaren ha ik besletten om dêr 'nee' op te sizzen."

Fryslândebat

It Keamerlid-wêzen is dreech te kombinearjen mei in húshâlding mei jonge bern. "Der binne faak gearkomsten oant djip yn de jûn. Dêrtroch kin ik net op en del ride. Fan moandei oant tongersdeitejûn bin ik fuort en dat is mei jonge bern dreech."
Boppedat wol De Jong wer graach ûndernimmer wêze. "It hjoed beslute en it moarn dwaan, dat mis ik wol."
De Jong is miskien wol it meast grutsk op it debat oer it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK), ek wol bekend as it Fryslândebat. "Sels in minister en de foarsitter dienen mei yn it Frysk. It wie hiel moai om sjen te litten hoe wichtich de Fryske taal is."