Liveblog | 23 july

Sportnijs: Ciccone nei Surhústerfean | Steenstra-en-dy winne Rengerspartij

Yn dit liveblog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 23 july, 17:22
snein 23 july
17:22

Berchkening komt nei Fryslân

De Italiaanske hurdfytser Giulio Ciccone sil tiisdeitejûn oan de start stean by de profronde fan Surhústerfean. Dat hat de organisaasje snein bekend makke.
Ciccone is de winner fan it berchklassemint yn de Tour de France fan dit jier, en sil sadwaande syn 'bolletjestrui' meinimme nei Fryslân.
Ek de nûmer fiif fan it einklassemint, Carlos Rodriguez, komt nei de Profronde ta, tegearre mei ûnder oaren Biniam Girmay, Wout Poels en Fabio Jakobsen.
Giulio Ciccone yn de Tour de France fan dit jier © ANP
17:00

Winst foar Steenstra-en-dy

De Rengerspartij yn Ljouwert is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Hiemstra. Yn de finale wiene sy te sterk foar it partoer fan Gert Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra.
It winnende trio kaam yn it begjin fan de finale mei 5-1 foar, mar dêrnei kaam der sân yn 'e masine. Uteinlik wie it Renze Hiemstra dy't de winst dochs noch binnenhelle mei in boppeslach op 5-4 en 6-6.
De winners fan de Rengerspartij © Martin de Jong
15:51

Finalisten Rengerspartij bekend

De finale fan de Rengerspartij yn Ljouwert giet tusken it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra en it partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar.
15:49

Koster úteinset mei Tour de France Femmes

Anouska Koster fan De Westereen is yn de earste etappe fan de Tour de France foar froulju 42e wurden.
Koster kaam 2 minuten nei winner Lotte Kopecky oan de einstreep yn de etappe dy't gie fan Clermont-Ferrand nei Clermont-Ferrand.
De twadde etappe giet moandei fan Clermont-Ferrand nei Mauriac oer 151 kilometer.
15:13

Vonk is klear op it EK skeelerjen

Op it EK skeelerjen yn it Frânske Valence d'Agen is Berber Vonk fan Appelskea trettjinde wurden op de ôfslutende maraton. Vonk kaam yn de massasprint nei 42 kilometer net yn 'e buert fan de medaljes.

Vonk seach hoe't de oerwinning nei Marie Dupuy út Frankryk gie, foar de Spaanske Sara Arregui en Marine Lefeuvre út Frankryk.
15:09

Nederlân, mei Marrit Steenbergen, sechsde yn finale 4x100 meter

De Nederlânske swimsters, mei Marrit Steenbergen fan Easterwâlde, binne der net yn slagge om in medalje te pakken yn de finale fan de 4x100 meter frij op it WK yn it Japanske Fukuoka. It Nederlânske kwartet waard yn de finale sechsde.